Trinus Riemersma-evenemint yn Frjentsjer
Resint ferskynd
De Akademy fan Frjentsjer organisearret op 22 oktober 2022 in spesjale dei, wijd oan de Fryske skriuwer Trinus Riemersma. Riemersma wenne en skreau it grutste part fan syn libben yn de âlde Akademystêd, oant syn dea, no goed alve jier lyn. Yn Teater De Koornbeurs binne fan moarns oant jûns tal fan aktiviteiten om it libben en it wurk fan Trinus Riemersma hinne. Meiwurking wurdt jûn troch de Frjentsjerter Biblioteek, Museum Martena, NHL Stenden en Tresoar.

Trinus Riemersma yn 1988 (foto: Anneke Bleeker/Tresoar)
De moarns presintearret Doeke Sijens de biografy fan Riemersma. Doeke Sijens is skriuwer fan fiksje en fan biografyen en monografyen. Hy is in omkesizzer fan Trinus Riemersma. Sijens: “Hy is ien fan de grutste Fryske skriuwers. As ien in biografy fertsjinnet, is Trinus it wol.” Dan folget de oanbieding fan in nije útjefte fan De reade bwarre, omstavere nei de Fryske standertstavering troch skriuwster en oersetster Jetske Bilker. In film fan Omrop Fryslân slút it moarnsprogramma ôf.
De middeis kinne dielnimmers yn lytse groepkes meidwaan oan in besprekking fan in seleksje fan Riemersma syn boeken. De besprekkingen steane ûnder lieding fan Babs Gezelle Meerburg fan NHL Stenden dy’t promovearre is op in analyze fan Riemersma syn Fabryk. Dielnimmers kinne de middeis ek mei betûfte stedsgidsen in kuier troch Frjentsjer meitsje by plakken del dy’t in rol spylje yn guon fan Riemersma syn boeken, lykas yn de detektive De mon sûnder gesicht.
De jûns litte yn De Koornbeurs learlingen fan de CSG Anna Maria van Schurman en studinten Frysk van NHL Stenden gedichten fan Riemersma op in bysûndere wize hearre. Sigrid Kingma, dichter fan Fryslân, draacht in gedicht oer Riemersma foar dat se spesjaal foar dy dei skreaun hat. In stikmannich sprekkers komme mei oantinkens oan Riemersma of diele lêsûnderfiningen. In gelegenheidskombo û.l.f. Hein Jaap Hilarides fertolket muzikaal stikken út it wurk fan Riemersma, û.o. dy syn oersetting fan “The House of the Rising Sun”: “’Huzing ‘By ’t Lemieren’”. De jûn einiget mei de opfiering fan Riemersma syn ienakter De skriuwer foar it doarpsbelang, troch Rederikerskeamer Demosthenes te Dronryp.
De Frjentsjerter Biblioteek hat de hiele moanne oktober in útstalling oer libben en wurken fan Riemersma, gearstald troch meiwurkers fan Tresoar. Museum Martena fersoarget in Riemersmahoeke mei in fiiftal portretten fan de skriuwer, û.o. fan Sjoerd de Vries en Klaas Koopmans.
Sûnder mis is Trinus Riemersma (Ferwert 1938 – Frjentsjer/Ljouwert 2011) ien fan de grutske Fryske skriuwers fan nei de Twadde Wrâldoarloch. Seis kear krige er de Rely Jorritsmapriis foar it bêste koarte ferhaal. Riemersma debutearre mei Fabryk (1964). De roman spile net, lykas doe meastentiids it gefal wie, op it plattelân, mar yn en om in konservefabryk. De reaksjes op Fabryk wiene ferheftich – fan gâns ûnthjittend oant bot ôfwizend. Hy krige der yn 1967 syn earste Gysbert Japicx-priis foar, de wichtichste Fryske literatuerpriis. Foar syn roman De Reade bwarre (1992) krige er yn 1995 op ‘e nij de GJ-priis. Njonken romans en koarte ferhalen, skreau Riemersma ferskate dichtbondels en boppedat in tal toanielstikken. Fan 2000 ôf wie er in wurdearre kollumnist foar de Ljouwerter Krante.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje