Trije Fryske LF-wykeintochten lansearre
Resint ferskynd
Om de besteande langeôfstân-fytsrûten yn Nederlân te ferrykjen, hat it Lanlik Fytsplatfoarm oan Merk Fryslân en syn toeristyske regio’s frege om it konsept LF-wykeintochten út te wurkjen. Der binne no trije nije Fryske LF-wykeintochten lansearre. Twa fan de fjouwer Nederlânske langeôfstân-fytsrûten rinne troch de provinsje Fryslân, nammentlik de LF Kustrûte en de LF Suderseerûte.

Lauwersmar (foto: Marcel van Kammen)
“Mei help fan de LF-ikoanrûten wurdt in fytsfakânsje oantreklik en leechdrompelich foar in grutte groep fytstoeristen”, seit Leon Hoogsteen fan it Lanlik Fytsplatfoarm.
Sprieding oer de hiele provinsje
Mei LF-wykeintochten folget de fytser in part fan in LF-ikoanrûte en dêrnei wurdt fia it knooppuntenetwurk in lus makke om wer by it startpunt út te kommen. De LF-wykeintochten biede fytstoeristen de mooglikheid om yn in wykein in moaie omgong troch Fryslân te fytsen. Foardiel fan de LF-wykeintochten is ek dat se in grutter part fan de provinsje foar fytstoerisme ûntslute en it ferbliuw en de wille ûnderweis stimulearje. “Sprieding fan toeristen oer hiel Fryslân is no krekt ien fan de wichtichste spearpunten út ús opjefte Deirekreative Netwurken yn oanrin nei in Gastfrij Fryslân yn 2028”, fertelt projektlieder Hendrina Zijlstra.
Benijd nei de trije Fryske LF-wykeintochten? Sjoch dan op: www.nederlandfietsland.nl/lf-weekendtochten.

Dokkum (foto: Lydia Annema)
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje