Trije doarpen yn it spier foar bioferskaat

april 6, 2022 08:38

Yn Tsjerkwert, Burgwert en Kimswert plantsje frijwilligers mear as 1500 planten foar de flinters en de bijen om it bioferskaat op te helpen. Dat is in ûnderdiel fan it projekt ‘Tichterby de Natuer’ fan de Fryske Miljeufederaasje (FMF) en Lânskipsbehear Fryslân. Behalven bioferskaat tsjinnet it projekt ek de sosjale belutsenens.

Foto: pixabay.com

Sealje, wylde woartel, flear, hagedoarn, om mar wat foarbylden te neamen, ferbetterje net allinne it oansjen fan de doarpen, se helpe ek om de ynsektepopulaasje omheech te bringen. De oanlieding fan de aksje is dat de doarpen graach wat foar de flearmûs dwaan wolle. Yn de tsjerke fan Tsjerkwert húsmannet in bysûndere koloanje marflearmûzen. Dy harren fuortbestean hinget foar in grut part fan ynsekten ôf.

Flearmûs (foto pixabay.com)

Op sneon 9 april wurdt middeis op it skoalplein yn in Tsjerkwert in saneamde ynspiraasjedei holden om minsken oan te setten om yn de eigen tún in bioferskaat ek foarút te helpen. Bern kinne siedbommen en flearmûskasten meitsje, eigeners fan tunen kinne advys krije en fergees in plant dy’t bijen en flinters oanlûkt. It ynformaasjeblêd Aan de slag met Biodiversiteit wurdt dêr ek oanbean. Sa’n selde ynspiraasjedei wurdt op 21 april fan 19.00 oant 21.00 oere yn Burgwert op it eardere skoalplein oan de Kapelstrjitte holden.

Het project ‘Tichterby de Natuer’ wordt mei mooglik makke troch it Iepen Mienskipsfûns, it Kearnefûns Súdwest-Fryslân, Wynkrêft 10 en it Prins Bernhard Kultuerfûns. Wat der allegear noch mear dien wurdt is te lêzen op www.fmf.frl/tichterby.

april 6, 2022 08:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.