Tresoar is al 20 jier de skatkeamer fan Fryslân

april 7, 2022 10:29

Tresoar bestiet dit jier tweintich jier. De skatkeamer fan Fryslân traktearret yn it jubileumjier op alderhande ekstra aktiviteiten. Mei de toer Tresoar komt nei dy ta! giet Tresoar de provinsje yn om de bysûndere ferhalen fan harren wenplak nei de minsken ta te bringen. Dêrneist litte meiwurkers fan Tresoar alle wiken – it hiele jier lang – online harren persoanlike topstikken sjen. En dat is noch net alles: Tresoar is nammentlik benijd nei it persoanlike ferhaal of topstik fan minsken. Want ferhalen fan no fertelle ús letter mear oer ús ferline, ús wearden en ús hoop. Om dy reden docht Tresoar de oprop om safolle mooglik ferhalen te dielen mei de hashtag #mijnverhaalvanfryslan. 

Om de ynwenners de bysûndere ferhalen fan harren wenplak ûntdekke te litten, bringt Tresoar de Fryske skiednis nei de minsken ta. Bert Looper, âld-direkteur fan Tresoar, fertelt it ferhaal op lokaasje en giet mei minsken yn petear oer de rol fan skiednis foar de takomst fan harren doarp of stêd. Dus wa’t benijd is nei it ferline én mei-inoar foarútsjen wol kin op tresoar.nl syn of har doarp of stêd oanmelde.

Diel jo ferhaal of persoanlike topstik #mijnverhaalvanfryslan
It ferhaal fan syn ynwenners makket it ferhaal fan Fryslân fan eartiids kompleter, fertelt it ferhaal fan Fryslân fan no en foarmet it ferhaal fan Fryslân fan letter. Dêrom is Tresoar benijd nei persoanlike ferhalen en topstikken. Want de hjoeddeiske Fryske mienskip sit fol ferhalen. Ferhalen dy’t ferteld wurde moatte, sadat se ûnderdiel wurde fan it takomstich kollektyf ûnthâld fan Fryslân. Dêrom freget Tresoar om ferhalen en topstikken te dielen yn in berjocht of fideo op Facebook of Instagram mei de hashtag #mijnverhaalvanfryslan en trije freonen oer te heljen om itselde te dwaan. Fleurige of fertrietlik ferhalen, ferhalen fan no of fan langer lyn, koart of lang: alles mei. As it mar in link mei Fryslân hat. Mei-inoar sjocht men mear fan Fryslân en mear faninoar.

Tresoar 20 jier yn 2022 – Feest Skatkist fan Fryslân (©Maartje Roos)

Septimber feestmoanne: iepen dagen Tresoar én in kulturele produksje yn Obe
Altyd al witte wollen watfoar skatten yn de skatkeamer fan Fryslân ferburgen lizze? By de iepen dagen fan Tresoar op 10 en 11 septimber komme se foar it ljocht! De kulturele produksje Skatkeamer fol ferhalen is fan septimber ôf ek te sjen yn Obe, mei ferhalen om net te ferjitten fan fiifentweintich bekende en ûnbekende histoaryske Friezen.

Mear ynformaasje oer de iepen dagen en de kulturele produksje Skatkeamer fol ferhalen wurdt letter dit jier bekend makke op de sosjalemediakanalen fan Tresoar en op tresoar.nl.

Koarte weromblik op tweintich jier Tresoar
Yn septimber 2002 ûntstie Tresoar troch fúzje fan de Provinsjale Biblioteek, it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) en it Ryksargyf. Dit jier is dat tweintich jier lyn. Ryksargivaris Douwe de Vries waard de earste direkteur fan Tresoar. Bert Looper folge him yn 2007 op. Rien Vrijenhoek is sûnt foarich jier de ynterim-direkteur fan Tresoar.


Ien fan de earste hichtepunten fan Tresoar wie de besite fan prins Willem-Alexander en syn frou prinses Máxima oan Tresoar, begjin 2003. Se kamen om de nije ynventaris fan it stedhâlderlik argyf yn ûntfangst te nimmen. Der folgen mear hichtepunten lykas it projekt ‘Grutte Pier De Famylje’. Elkenien yn Fryslân en dêrbûten koe in kertiersteat ynfolje en útsykje litte oft hy/sy besibbe is oan de grutte frijheidsstrider. Mear as tûzen stambeammen út 31 lannen waarden ynstjoerd. Ek doe’t hûnderten minsken út alderhande lannen Tresoar besochten yn it kulturele haadstêdjier yn 2018 en dat Obe, poadium foar Fryske kultuer, yn 2019 ûnderdiel waard fan Tresoar binne heuchlike mominten.

Tresoar hat as missy kultueroerdracht: it ferbinen fan ferline, no en takomst, fan kennis en ûnderfinings, fan kultueren en generaasjes. Gâns lêzings, ekskurzjes, workshops, literêre jûnen, tentoanstellings en grutte kulturele eveneminten en projekten foar in breed publyk hat Tresoar yn de ôfrûne jierren organisearre om oan dy missy te foldwaan. Troch de hieltyd fierdergeande digitalisearring is it mooglik om hieltyd mear ynformaasje oer Fryslân online te ûntdekken en duorsum te bewarjen.

april 7, 2022 10:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.