Termostaat yn oerheidskantoaren 2 graden omleech

april 3, 2022 08:41 Fernijd

It kabinet sil de termostaat yn sa’n twahûndert oerheidsgebouwen twa graden leger sette en yn ’e simmer minder kuolje. Dat is better foar it miljeu en it makket Nederlân minder ôfhinklik fan Russysk gas.

Foto: Wikipedia/Vincent de Groot – CC BY-SA 4.0

Boargers wurde oproppen om sels ek minder enerzjy te brûken. It advys is om oerdeis de ferwaarming net heger as 19 graden te setten en nachts fyftjin as maksimum oan te hâlden. Bedriuwen wurdt frege om te sjen hoe’t enerzjy besparre wurde kin op ferljochting, ferwaarming en fentilaasje.

Under it biedwurd ‘Set ek de knop om’ freegje de ministers Jetten (Klimaat en Enerzjy) en De Jonge (Folkshúsfêsting en Romtlike Oardering) omtinken foar hoe’t húshâldens en ûndernimmingen mei praktyske tips sels enerzjy besparje kinne. “Enerzjybesparring hat de ôfrûne jierren net it omtinken krige dy’t er fertsjinne. Dêr sille we no feroaring yn bringe”, seit Jetten. Hy wiist derop dat besparringen net inkeld klimaatfoardielen jouwe en de ynfloed fan Ruslân ferminderje, mar dat se fanwege de hege enerzjyprizen ek in protte jild besparje.

Behalve it jaan fan besparringstips, sil it kabinet ek jild útlûke om 2,5 miljoen fan de acht miljoen huzen better te isolearjen, sawol keap- as hierwenten. Oant 2030 wurdt dêr fjouwer miljard euro foar beskikber steld. De oardel miljoen wenten mei it enerzjy-etiket E of minder moatte oan de ein fan it desennium isolearre wêze.

Om mear minsken te berikken, krije gemeenten boppe-op de besteande subsydzjeregelingen de mooglikheid om ekstra koarting of tegoedbonnen te jaan. Foar partikulieren dy’t net genôch sparjild hawwe foar oanpassingen oan harren wente, wurdt in 0-persintliening mooglik makke.

april 3, 2022 08:41 Fernijd
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Nanne Hoekstra april 3, 15:03

    Wie 21 graden dan wenst? Dus dêrom stie it swit my yn kantoargebouwen algeduerigen op ‘e rêch. Wat in enerzjy is der dan altyd fergriemd. En 19 graden fyn ik noch hieltyd heech; wy bin thús nochris minimaal in graad leger wend.

  2. Jens april 4, 08:44

    De klimaatregelingen yn de kantoaren binne somtiden sa beroerd… Mar@Nanne: as je stilsitte achter in kompjûter is 18 graden wol wat fris hear.
    Myn idee: better de kantoaren ôfskaffe. ombouwe ta wenten en thúswurkje. Skeelt in protte dûbele kosten en útstjit: tink oan gebou, ferwaarming, kompjûters en de kilometers mei de auto.
    Hjir en dêr moetingsplakken meitsje – dat kinne kommersjele lokaasjes wêze mar ek doarpshuzen esfh.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.