Suver Wâldmiel meast kreative konsept by ‘Lekkerste Streek fan Nederlân’

april 16, 2022 09:00

Yn it Súd-Hollânske Woubrugge binne De Fryske Wâlden ôfrûne moandei de striid oangien mei oare streken om de titel ‘Lekkerste streek fan Nederlân’. Streekmerk Wâldpyk, Tjalke Stoelwinder fan ierdappelgruthannel Greydanus en wedstriidkok John Spruit betochten it Suver Wâldmiel mei in knypeach nei it Happymeal.

Kok John Spruit (foto: Henk Pilat)

Wâldbeantsjespatat mei appelsjerpmayo, hamburger fan wâldfeintsjes, milkshake en drûgefruithapke fan âlde appelrassen en in neigesetsje fan wichters krige de sjuery foarskûtele. “It meast fernijende en kreative konsept”, priizge de sjuery. Dochs gie de eare nei It Waad, dat de ferkiezing wûn. De Feluwe, Seelân en It Griene Hert wiene de oare streken dy’t oan de kriich meidiene.

Foto: Henk Pilat

Ferkiezing ‘Lekkerste Streek fan Nederlân’
De niget foar regionaal produsearre, earlik iten is, mei troch de koroanakrisis, tige tanommen. De konsumint hechtet hieltyd mear belang oan it komôf fan syn iten en hokker ynfloed oft it op syn libensjouwing hat, en hy is hieltyd mear ree dêr in earlike priis foar te beteljen. De fraach nei streekprodukten sit yn ’e lift, dat fernimme it Erkend Streekprodukt Karmerk fan Streekeigen Produkten en de dêrby oansletten regionale organisaasjes en produsinten ek. Om dat te fieren, organisearre SPN dizze earste edysje fan de lanlike ferkiezing ‘Lekkerste Streek fan Nederlân’.

Foto: Henk Pilat

Besjoch filmkes fan Henk Pilat:

april 16, 2022 09:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.