Provinsje komt mei stikstofoanpak

april 2, 2022 09:57

De Fryske natuer ophelpe en fersterkje, provinsjaal en lokaal de stikstofútstjit ferleegje en de knyppunten om fergunningferliening hinne oplosse. Dat is de line fan it Utfieringsprogramma Stikstof Fryslân dat it kolleezje fan Deputearre Steaten dizze wike fêststeld hat. It Utfieringsprogramma is de earstkommende stap nei it ophelpen fan de natuer en in sûne ekonomy en lânbousektor yn Fryslân.

Foto Provinsje Fryslân

Fjouwer pylders
It Utfieringsprogramma giet yn op natuerferbettering, maatregels foar ynwenners en ûndernimmers en it op oarder bringen fan de fergunnings. “De kontoeren binne sketst, no kinne wy yn ‘e mande mei de mienskip oan ’e slach”, seit deputearre Klaas Fokkinga. “Mei it Utfieringsprogramma wolle wy in duorsum takomstperspektyf foar de natuer en ekonomyske ûntwikkelings yn Fryslân mooglik meitsje.”

De natuer kriget mear azemromte troch minder stikstof en wurdt mei ferbettermaatregels fersterke. Yn hiel Fryslân kin mei stikstofbeheinende maatregels de stikstofútstjit mei in fearn fermindere wurde. Duorsum ferfier, ôfspraken mei de yndustry en technyske oanpassings fan de stâl binne foarbylden fan dizze saneamde generike maatregels. Dêrmei sil nei ferwachting it meastepart fan de natuergebieten ûnder de krityske wearden útkomme. Alle sektoaren drage dêr yn ferhâlding mei harren útstjit oan by.

Neist de generike maatregels binne benammen yn it súdeasten fan de provinsje oanfoljende maatregels nedich, dy ‘t foar 50% ekstra reduksje soargje sille. De provinsje sil dêrom mei lokale belanghawwers lykas natuerorganisaasjes en (agraryske) ûndernimmers oan ’e slach gean om it gebiet takomstbestindich te meitsjen.

As lêste set de provinsje yn op it lyklûken fan de besteande fergunningsfoarmen, yn in fergunning op basis fan de Wet natuurbeheer (Wnb). Sa ûntstiet der mear oersjoch fan de stikstofromte dy’t útjûn is of noch beskikber is. De provincie makket him ek sterk foar de flugge legalisaasje fan de saneamde PAS-melders rjochting it Ryk.

Dynamysk dossier
It stikstofdossier is folop yn beweging. Yn ’e rin fan dit jier ferwachtet de provinsje dat der mear middels en dúdlike doelstellings de provinsje beskikber komme. Bygelyks út it Nasjonaal Programma Lanlik Gebiet wei, dêr’t ûnderskate ûntwikkelings yn byinoar komme lykas feangreide, enerzjytransysje en lânbou-aginda. Deputearre Klaas Fokkinga: “Wy geane net op ’e hannen sitten. Wat wy no al dwaan kinne, moatte wy no oppakke yn it belang fan de natuer en ús ûndernimmers.”

Op www.fryslan.frl/stikstof is mear ynformaasje oer de oanpak fan stikstof te finen.
april 2, 2022 09:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.