Subsydzje foar kursussen Sealterfrysk

april 11, 2022 20:24

De Dútske dielsteat Nedersaksen stelt de kommende trije jier jild beskikber foar it jaan fan kursussen Sealterfrysk. Der is in wachtlist fan minsken dy’t in kursus folgje wolle, mar der wie gjin jild om dosinten te beteljen. Mei it jild sille de gemeente Sealterlân, de organisaasje Seelter Buund en wittenskiplik meiwurker Henk Wolf de kursussen organisearje.

Der wurdt op it stuit foar it earst yn jierren al in kursus Sealterfrysk jûn. De dosinte is Veronika Pugge. Foar har kursus wiene folle mear ynskriuwings as plakken.

It Sealterfrysk is in foarm fan Frysk dy’t praat wurdt yn de fjouwer doarpen fan de gemeente Sealterlân. Yn de dielsteat Sleeswyk-Holstein wurdt ek in foarm fan it Frysk praat, it Noard-Frysk. De Afûk en hegeskoalle NHL Stenden hawwe de ôfrûne jierren in pear kear kursussen jûn dêr’t minsken út de provinsje Fryslân de twa Dútske foarmen fan it Frysk leare koene.

april 11, 2022 20:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.