Stim foar it Frysk!
Resint ferskynd
Oprop
Yn it ramt fan it inisjtatyf Stim fan Fryslân binne 49 ideeën yntsjinne foar de takomst fan de Fryske taal. Dizze en ankom wike, oant en mei 7 maaie, kin op 33 troch de organisaasje helber achte stimd wurde. Elkenien mei op trije ideeën stimme. De trije ideeën mei de measte stimmen kinne mei finansjele stipe fan de Provinsje Fryslân werklik troch de yntsjinner(s) fan it idee útfierd wurde. Sjoch hjirre.
De Ried fan de Fryske Beweging ropt elkenien op har of syn entûsjasme foar de Fryske taal te toanen troch te stimmen.
De Ried is belutsen by twa fan de ideeën en rekommandearret dy fan herten oan. Dat binne dizzen:
en
Yn de wike fan 9 maaie wurdt buorkundich makke hokker trije ideeën finansiere wurde sille. Oan ‘e ein fan it jier komt der noch berjocht oft it de yntsjinners yndied slagge is de ideeën út te fieren.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje