Stienrike romtefarders by ISS oankommen

april 10, 2022 08:42 Fernijd

Fjouwer romtefarders binne sneontejûn by it ISS oankommen. It is de earste missy nei it ynternasjonale romtestasjon dy’t folslein finansiere is troch private persoanen. Ien fan de kommersjele romtefarders is de 64-jierrige Nederlânsk-Israelyske sakeman Eytan Stibbe.

ISS (boarne: NASA)

De raket waard freed lansearre fan de romtebasis Cape Canaveral yn de Amerikaanske steat Floarida. Tsien minuten nei de lansearring lâne it earste part fan de raket, dy’t boud is troch SpaceX, wer op ierde. It is de bedoeling om him by in folgjende lansearring opnij te brûken.

Axiom Space, it bedriuw dat de missy organisearret, seit dat de fjouwer manlju yn ’e romte 25 wittenskiplike eksperiminten útfiere sille. Hja ûndersykje ûnder mear op hokker manier oft minsken âlder wurde yn ’e romte en der wurde robotsjes test.

De Spaansk-Amerikaanske astronaut Michael López-Alegría is de befelhawwer fan de flecht. Foar him is it de fyfde kear dat er yn ’e romte is. Trije stienrike manlju reizgje mei: de Amerikaanske fêstgoedbelizzer Larry Connor, ûndernimmer Mark Pathy út Kanada en Stibbe, dy’t in ynvestearringsmaatskippij hat. Foar’t er yn it bedriuwslibben oan ’e slach gie, wie er loftmachtpiloat. Hy waard yn 1982 bekend yn Israel troch in loftgefjocht dêr’t er trije Syryske strieljagers en in helikopter by út de loft skeat. Akteur Tom Cruise soe ek meigean nei it ISS foar de opnamen fan in film, mar dy plannen binne ferset.

april 10, 2022 08:42 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.