Wen-wurkôfstân yn Fryslân lytser

april 24, 2022 08:37 Fernijd

Yn Fryslân is it wen-wurkferkear yn ’e ôfrûne fiif jier mei 6,4% tebekrûn. Dat is folle mear as de lanlike 2,2%. Dat docht bliken út ûndersyk fan CVster.nl nei wen-wurkôfstân.

Foto: pixabay.com

No’t we de koroanamaatregels efter ús litte, geane Nederlanners wer hieltyd faker nei kantoar. Dochs hawwe Friezen baat by (foar in part) thúswurkjen, om’t se mei yn trochsneed 24,7 kilometer faak in lange ôfstân nei harren wurk ôflizze: 12,3% mear as de lanlike trochsneed.

Lange reisôfstân ûnder Eaststellingwervers
Mei útsûndering fan wurknimmers fan Skylge (43,1 km) reizgje Eaststellingwervers alle dagen it fierst nei harren wurk, mei 34,1 kilometer op ’e teller. Dy fan Ljouwert, Dantumadiel en Smellingerlân hawwe fan alle Friezen in baan it tichtst by hûs. Hja lizze yn trochsneed sa’n 21 kilometer oan wen-wurkferkear ôf.

Inkeld fan It Amelân ôf is dy ôfstân lytser (18,9 km). Amelanners fûnen yn fiif jier tiid hieltyd faker wurk yn ’e buert, want harren reisôfstân naam mei 19,9% ôf. Dat jildt ek foar Flylanners, want fan dat Waadeilân ôf naam de reisôfstân sels mei 20,6% ôf.

Nederlanners wenje yn trochsneed hieltyd tichter by wurk
Lanlik sjoen wurkje wurknimmers sûnt 2016 2,2% tichter by hûs. Yn trochsneed leit in wurkjende Nederlanner 22 kilometer ôf nei kantoar. Siuwen en Flevolanners reizgje it fierst nei harren wurk, nammentlik yn trochsneed 31,8 en 29,8 kilometer.

Undersyksmetoade
Om út te finen hokker Nederlanners oft it fierst fan harren wurkplak ôf wenje, binne ferskate datasets fan it CBS riedplachte. De konklúzjes binne basearre op ferskillen yn leeftydskategoryen, gemeente en provinsje. De sifers fan gemeente binne basearre op wengemeente fan wurknimmers. Yn de ferliking tusken gemeenten binne inkeld gemeenten mei op syn minst 10.000 wurknimmers ûndersocht.

Om it ferskil troch de tiid oan te jaan, binne data fan 2014 oant en mei 2020 brûkt. It mjitmomint fan dy data is jierliks yn desimber. De feroaringen yn fiif jier tiid binne basearre op de ferskillen tusken 2016 en 2020.

It folsleine ûndersyk is hjir te lêzen: cvster.nl/blog/onderzoek-woon-werkverkeer.

april 24, 2022 08:37 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.