Simone Djurrema: Oer it moaie waar, kweken en libbensgefaarlik tastannen

april 2, 2022 08:00 Fernijd

Kollum

Wy hawwe prachtige wiken hân, moai waar en hieltyd langere dagen. It giet wer hurd de goede kant út. De snieklokjes steane noch yn grutte bosken te bloeien. We hawwe al leverblomkes ûnder de hage en de earste boskanemoan lit him ek al sjen. Dat is betiid, sei ien tsjin my.

Foto SD

We hawwe drastysk yn de âlde apelbeammen oan it snoeien west en it kweken begjint ek aardich op gong te kommen. Ik moat mar hoopje dat alles plak kriget! Ik haw fansels fierstente folle siedsjes, foaral foar in begjinner, mar ik tocht: as alles aanst mei de hege brânstofprizen en driigjende tekoarten troch alle ûnrêst yn ‘e wrâld sa djoer wurdt, dan krije wy teminsten ús fitamyntsjes! En dan kocht ik der wer wat moais by. Ik moat der boppe-op sitte om alle soarten op ’e tiid te siedzjen. It iene binnen- en it oare bûtendoar. It iene yn it skaad en it oare yn ’e sinne. Ik begjin faak yn ’e waarmte fan ’e koken en set it spul letter boppe op in sliepkeamer foar it finster. Ik hoopje dit jier alles sûnder beljochting dwaan te kinnen. As dat slagget, hoech ik dat ek net oan te skaffen. De sipels, al lykje se mear op gers, en de tomaatjses, ek noch hiel lyts, steane al boppe. De ierappels lizze op de tafel yn ’e ytkeamer, dy moatte sprute en kinne dan begjin maaie derút. Ik wist net wêr’t ik se oars hawwe moast. It is in hiele argewaasje!

Foto SD

Ik sparje alle molkepakken en oare bakjes en dinkjes dy’t ik te pakken krije kin, om’t ik noch net wit hoefolle oft ik presys nedich haw.

Efkes wat aardichs oer de bakjes: ik wurkje no ek op in wenfoarm dêr’t fiif minsken wenje dy’t har oars sels net rêde kinne. Ja, dat kin hjir ek gewoan sûnder oplieding! Krekt as yn de thússoarch, dêr’t ik ommers earst in pear jier wurke haw. Ien fan de bewenners mei in bytsje te graach koekjes. Se groeit hast ticht en it personiel mei der neat oan dwaan. Se wennet ‘op harsels’, dat as se fan it bytsje bûsjild dat se op de deibesteging fertsjinnet, koekjes keapje wol, dan mei dat. Wy sizze altyd wol dat se net te folle koekjes ite mei en hoopje dat se dat net docht as se allinnich yn har appartemintsje is.

Ik hie op it wurk ek wat oer kweken sein en ik hie al ris wat moaie bakjes, dy’t oars fuortsmiten waarden, mei nei hûs ta nommen. Op in moarn kaam ik op it wurk en mei in earnstich gesicht sei se: “Ik wit datsto tsjin my sein hiest dat ik justerjûn nei it toskpûtsen gjin koekjes mear ite mocht, mar ik haw dochs ien koekje hân, want ik moast dizze bakken leech hawwe om se oan dy jaan te kinnen. Dan kinst deryn kweke.” En se joech my fjouwer moaie plestik bakken, de skat. “Oars hie ik se fuortsmite moatten! Dat hie skande west”, sei se. Ja hear, dat koekje koe net earne oars hinne, en se moast grif fjouwer hiele bakken fuortsmite as se dat iene koekje net opmakke hie, mar ik sei: “Wat leaf fan dy, tige tank! Do bist ek sa leaf hin!”, dêr’t se op antwurde: “Dat wit ik.”

It wie de hiele tiid sok moai waar dat ik ris op ’e fyts nei it wurk ta woe. Dat dogge se hjir net safolle, mar it is mar in healoerke en wy Friezen dogge dat wol, dat it soe heve. De sinne skynde en it wie wynstil, mar doe’t ik fan in heuvel ôf sokken sette, wie it dochs wol ferrekte kâld om ‘e earen! Hie ik mar in mûtse op dien! Nachts friest it faak noch, mar om kofjetiid hinne kin men faak al sûnder jas bûten. Jimme begripe wol dat it noch wat te betiid wie. Gelokkich hie ik de moffen wol oan.

Foto SD

Doe kaam ik yn Mellerud, en as ik de buordsjes fan in dield fyts- en kuierpaad sjoch, sjit ik fuort yn ‘e stress. Ik tink dat ik it earder ek wolris sein haw, mar no’t ik besocht haw om de offisjele regels te finen, bin ik hast noch mear yn ‘e war. It skynt net iens yn ‘e wet fêstlein te wêzen wêr’t je je oan te hâlden hawwe. Wannear’t ik mei dy bline frou oan it kuierjen bin, is it ek hielendal in drama. Sjoch mar ris nei de foto. Gjin streek, neat. It skynt dat kuierders lofts rinne moatte. En fytsers rjochts. Krekt as kuierders bûten de beboude kom yn Fryslân. Mar it is sa ferhipte smel! En stel jim foar dat der dan fytsers oankomme. Fan beide kanten! En lit dêr nochris bykomme dat ik de bline frou net oan de kant fan de auto’s rinne litte mei, mar ik kin har ek net yn ‘e midden rinne litte dêr’t fan beide kanten fytsers oan komme kinne!

Boppedat hâldt hast net ien hjir him oan de regels, dat ik fyn it fytsen, of rinnen mei dy frou, op dit paad dus neat oan. Yn Fryslân wisten je teminsten (meastal) wêr’t je oan ta wiene.

Ik haw de regels noch efkes opsocht en der stiet: “Sûnt 2018 is it regel dat fuortgongers op in dield fuortgongers- en fytspaad, rjochts oanhâlde moatte as dat mooglik is.” Earst: 2018!!! Doe begûnen se der earst oer nei te tinken, o nee, grif al tsien jier earder, mar se kamen der tink net út. Fergaderje, fergaderje en nochris fergaderje fansels. En neat betinke oer wat je dwaan moatte as it nét mooglik is om rjochts te rinnen. Begripe jimme it allegearre noch?

Yn it sintrum steane sokke buordsjes soms foar it trottoir. Op websteeën en yn oare ynformaasje dy’t ik fine kin stiet dat in trottoir eins foar kuierders is, mar dat der soms ek op fytst wurde mei. Lekker dúdlik. Ja, okee, dan stiet der sa’n boerd, mar as der mar oan ien kant fan de dyk in “trottoar” is – sa staverje se dat hjir – komme fytsers én kuierders op ien skiterich stoepke dus fan beide kanten. Miskien is it dêrom wol ferplichte om oant en mei 15 jier mei in helm op te fytsen; dit is freegjen om ûngemakken! It is mar goed dat hjir lang net safolle fytsers binne as yn Fryslân.

De ferkearsregels binne ús as Friezen der sa ynhammere, it sit sa djip! Ik hyperfentilearje hast as ik op in ‘trottoar’ fytse moat. Jimme fernimme it al: ik tink net dat ik ea wenne sil oan dizze gaos. Myn frustraasje dêroer sil ik wol nea oerhinne komme. Ik bliuw derby: it is libbensgefaarlik!

Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden.
april 2, 2022 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.