Russen diskriminearre
Resint ferskynd
Ynstjoerd
Wy sjogge no yn Europa itselde ferskynsel as yn Amearika, doe’t dêr de Twadde Wrâldoarloch ta diskriminaasje fan Japanske Amerikanen late. In protte waarden sels yn kampen opsletten, omdat de eangst bestie dat se as in soarte Fyfde Kolonne fan Japan yn Amearika optrede soene. Yn it boek Snow Falling on Cedars wurdt dat skrinend beskreaun. Itselde is no yn de EU foar de Russen oer te sjen. Dy wurde slim diskriminearre, ek al moatte se neat fan de agressy fan Poetin tsjin Oekraïne hawwe.
Russyske sporters waarden fan de Paralympics útsletten, wylst dêr just in kâns lei om ynvalide sporters, dy’t it dochs al dreech hawwe, sjen te litten dat wy harren stypje.
It giet sels safier dat guon alles wat mei Ruslân en de Russyske kultuer te krijen hat, besykje út te bannen. Sa wurde konserten mei muzyk fan Russyske komponisten skrast, bygelyks troch it NNO. In sterk foarbyld lês ik yn de LC fan 25 maart, dêr’t Mira Feticu de flier yn oanfaget mei de wrâldferneamde Russyske literatuer fan skriuwers as Dostojevski en Poesjkin (hokker topskriuwer tinkt sy dat sy is, dat sy dat oardiel jaan mei?).
Ik sjoch de takomst somber yn. As it sa trochgiet, einiget it yn de westerske wrâld mei Russyske boekferbrâningen en strafkampen foar Russen. En dat allegearre om ien psychopaat yn it Kremlin.
Jehannes Elzinga
Frjentsjer
Net stride tsjin it Russyske folk.
Krityske Russen stypje.
Ynformearje de Russen mei help fan “goede” Russyske sjoernalisten.
De grutte Russyske komponisten en skriuwers (bgl. Gontsjarow, Dostojevsky, Tolstoj….) steane no krekt foar de humanitiet dy’t Poetin om ‘e nekke bringt…. Ik ha ôfrûne sneon mei niget de Pathetische Symfonie fan Tsjaikovsky harke, aldergeloks gewoan op Radio 4.
Miskien sitte dy psychopaten wol earne oars.