Romteteleskoop ferstjoert earste skerpe foto’s fan stjerrestelsel
Resint ferskynd
De romteteleskoop James Webb hat de earste skerpe foto’s stjoerd sûnt er ein jannewaris op syn bestimming, oardel miljoen kilometer ôfstân fan de ierde, oankaam. It betsjut dat de spegels oan board fan de teleskoop útline binne en dat in nije faze yngien is.

Bylden fan de James Webb-romteteleskoop (boarne: NASA/STScI)
De teleskoop waard foar de test op de Grutte Magelhaenske Wolk rjochte, ien fan de tichtstby lizzende stjerrestelsels. Op de foto’s binne tûzenen stjerren yndividueel te ûnderskieden. De teleskoop stjoerde al earder bylden troch, mar dy wiene noch net hielendal skerp.
Testen wiisden út dat de fjouwer ynstruminten dy’t it yn de teleskoop opfongen ljocht analysearren, no by steat binne om skerpe bylden te meitsjen. Ien fan dy ynstruminten is it foar in part Nederlânske MIRI. It MIRI-ynstrumint sjocht neist de stjerren ek it stof fan de wolkens dat tusken de stjerren sit.
James Webb is de grutste en krêftichste romteteleskoop ea. De teleskoop is by steat om ljocht fan stjerren en stjerrestelsels op te fangen, dêr’t trettjin miljard jier mei tebek yn ’e tiid sjoen wurde kin. Fan ’t simmer wurde de earste wittenskiplike resultaten dêrfan ferwachte, mar earst moatte noch in stikmannich testen útfierd wurde.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje