Ried Fryske Beweging freget formateurs omtinken foar taal plaknammen  

april 26, 2022 08:32

Nederlânske plaknammen yn Fryslân binne net mear fan dizze tiid. Dêrom trunet de Ried fan de Fryske Beweging formateurs en ûnderhanneljende partijen yn in brief oan om se wer yn de eigen taal werom te bringen.

De Ried ornearret: “Yn maart hat de kiezer him wer útsprutsen. De útslach is dúdlik. De kiezer seit: tink om ús regionale en lokale belang. Dêr heart ek it brûken fan de Fryske taal en streektalen by.”

Fryske plaknammen binne in belangryk ûnderdiel fan de ynfrastruktuer en sichtberens fan it Frysk. Lang lyn hiene doarpen fansels Fryske nammen, want de bewenners koene gjin oare talen bûten har eigen. Letter binne der lykwols Hollânske nammen foar yn it plak kommen.

Al jierren is der striid om plaknammen yn de eigen taal werom te krijen. No’t yn de gemeenten it formearjen fan in nij kolleezje geande is, is der neffens de Ried in unike kâns om doarpen en stêden yn Fryslân wer te neamen sa’t se echt hjitte. Hjir is de brief oan de formateurs en de kolleezjes te lêzen.

De brief is it resultaat fan redsume aksje troch it deistich bestjoer fan de Ried, nei in oantrún fan Bertus Postma en Geart Benedictus op de iepenbiere Riedsgearkomste fan ôfrûne sneon.

april 26, 2022 08:32
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Frans Kuipers april 27, 14:04

    Goeie aksje, mar de measte kolleezjes binne al foarme en is it belied stiet foar de kommende fjouwer jier al fêst. Sammelje alle gemeentlike programma’s en besjoch wat der yn beskreaun is oangeande it Frysk. In soarte fan ûndersyk dus, en de risseltaten publisearre en foarlizze oan Kommissaris Brok. 

    Ek is  wichtich om sa no en dan in brief te skriuwen oan alle gemeenterieden. Gewoan om harren te freegjen hoe’t jin as folksfertsjintwurdigers (sels) omgeane mei it Frysk. 

    Koart kriemt:
    1. Begjin as Rie alle gemeenterieden te bestoken op it belang fan ús Fryske taal, as DE twadde rykstaal, ensafierder.
    2. Sykje net allinne mar kontakt mei ‘kopstikken’, (moai foar in foto yn de krante fansels). Soksoarte ‘wichtige’ minsken prate faaks mei moal yn`e mûle. Jo krije de moaiste tasizzings, wêr’t neat fan te lâne komt.
    3. Brutaler wurde, dus.  

  2. Romke Kroandyk april 28, 11:33

    Hoe kin it dat de betizing fan Idzegahuizum (bij Makkum) en Idzegahuizen (bij Langwar) nog bestiet. Skuzum is dochs in moaiere namme ? Feroaring moat wol bij de befolking sels wei komme. Skrieuw derom ek de pleatselike belangen oan om wat te berikken.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.