Reorganisaasjes yn de Fryske Beweging lykje op kommendewei

april 24, 2022 17:43

De Ried fan de Fryske Beweging (RfdFB) gie juster mei de efterban yn petear oer de takomst. Hoe kin de Fryske Beweging gong hâlde by it krewearjen foar Fryslân, Friezen en it Frysk yn tiden dat minsken troch alle droktmen swier te rissen binne foar bestjoerswurk en frijwilligersaktiviteiten? Dy fraach stie sintraal. Elk dy’t dêr wat oer kwyt woe, koe dat yn in elevator pitch – in koarte presintaasje fan heechstens twa minuten – op it aljemint bringe. Dêrnei waard der oer de ynbrochte ideeën redekavele. In ferslach.

It deistich bestjoer set sels útein mei dizze pitch:

De stifting Ried fan de Fryske Beweging is oprjochte yn 1945 mei as doel om as Fryske bewegers nei it regear en de legere oerheden ta mei ien mûle te sprekken. Op Wikipedy is fierder oer ús te lêzen: “De hjoeddeiske Ried is te ferlykjen mei in konsuminte-organisaasje foar de Fryske taal en kultuer. Hy spant him yn foar minsken dy’t wat mear wolle mei it Frysk. De Ried ûnderhâldt kontakten mei oerheden, offisjele ynstânsjes, bedriuwen, ferienings en partikulieren.”

Neffens de hjoeddeiske Ried is dat ek noch altyd wat wy wêze wolle. Yn de praktyk binne de bestjoersleden lykwols foaral dwaande mei ItNijs.frl en DE NIJE. Dy glimmer hat no 100 abonnees en dy kinst ek wol in bytsje sjen as stipers. Ast it sa beskôgest, is it stiperstal yn twa jier tiid 40% heger wurden.! ItNijs.frl, DE NIJE en it Frysk bûsboekje kostje in soad, mar leverje de Ried ek nammebekendheid op. Wy soene dy baten graach beskikber stelle oan de oansletten organisaasjes, dus ynstee fan oan de Ried oan de Fryske Beweging.

Dêrneist wolle wy ek troch mei de belangebehertiging. Wy kinne dy allinnich realisearje troch it útbesteegjen fan de taken dy’t by de produkten hearre. Ek sjugge wy graach mear belutsenens fan oansletten organisaasjes yn de Ried, leafst troch aktievere dielname ut dy organisaasjes yn it deistich bestjoer.

Dêrnei folget in rige fan pitches út it omsittend laach wei. Syb Muizelaar fan Stifting Mearslach wiist der yn syn bydrage op dat Friezen grutsk binne op it Frysk, mar dat it stil wurdt as it om it ûnderwiis yn de eigen taal te rêden is. Neffens him moat de Fryske Beweging besykje Friezen waarm te krijen foar meartalich ûnderwiis mei in ‘normaal plak’ foar it Frysk. Dat soe it foarnaamste spearpunt wurde moatte.

Bertus Postma, dy’t algeduerigen krewearret foar Frysktalige plaknammen, hie op de foarige ledegearkomste útsteld om de Provinsje dêrfoar oan. Mar dy hat it foech der net foar, dêr soe in wetswiziging oerhinne gean moatte. Dêrom wol er fannijs gemeenten bydel. Geart Benedictus, foarsitter fan de Politike Kommisje fan de Ried (de POK), seit dat it no just in gaadlik stuit is om soks yn te bringen by de formaasjes fan gemeentebestjoeren dy’t op it heden plakhawwe. Fangefolgen kin Postma fuortendaliks saken dwaan mei it deistich bestjoer, dat de formateurs ringen oan sil.

Petearlieder Pier Bergsma harket nei Bertus Postma. Foto: It Nijs

Benedictus wikt de RfdFB om de moedfearren net hingje te litten, om’t dy fan grut belang bliuwt. Hy sjocht sels dat de POK, mei dêryn Fryske fertsjintwurdigers út de polityk, o sa suksesfol is, mei ûnder mear as resultaat dat in sichtberheidsakkoart foar it Frysk op kommendewei is. En troch de POK organisearje Fryske Keamerleden harren yn De Haach. Neffens Benedictus is der mei mear ferbiningslinen tusken it deistich bestjoer en de POK noch folle mear út te heljen. Hy stiet der fierders op oan om nei analogy fan de POK in mienskipskommisje op te rjochtsjen, dy’t neitinkt oer de fraach hoe’t we it Frysk fierder foarúthelpe.

Kees van der Beek fan It Frysk Boun om Utens sit benammen ek yn noed oer it fuortbestean fan syn eigen organisaasje – dy’t oars wol al omtrint hûndert jier bestiet – trochdat it oantal leden fan de bûten-Friezen mei kûgelsfeart tebekrint. Wat de binnen-Friezen oanbelanget, is neffens Van der Beek de útdaging in grutter part fan harren waarm te meitsjen foar de Fryske saak. Mar: “Wa’t net ûnferskillich is wurdt al rillegau as aktivist sjoen en dêr moatte wy yn Fryslân neat fan ha…” Earder foarsitter fan de RfdB Reinder Bil ûnderstreket it belang fan aktivisme, nei’t er krekt in ûnderfining hie by de bank dêr’t se him net ferstiene: “Oars wurdt it Frysk ús ôfnommen.” Hy pleitet foar fuortsterkjen fan it paraplumodel fan de Fryske Beweging mei mear ferbining tusken de RfdFB as koepel en de oansletten organisaasjes. It deistich bestjoer kin it dêrmei lykfine en wiist der boppedat op dat de hjoeddeistige mooglikheden al folle better brûkt wurde kinne. Sa ferjitte oansletten organisaasjes gauris dat se mei It Nijs in eigen kommunikaasjekanaal hawwe, dêr’t de efterban goed mei berikt wurde kin.

Foar aktivisme pleitsje benammen ek oanwêzigen út rûnten fan de Jongfryske Mienskip. Mar dan net allinnich rjochte op de taal. Kerst Huisman wiist yn dat ferbân op it taalbefoarderjende aspekt fan in spandoek mei de Frysktalige tekst ‘Fryslân kearnwapenfrij’ op in demonstraasje tsjin krúsrakketten yn Ljouwert, trije desenniums lyn, mei wol 3.000 minsken; dus folle mear as dat der bygelyks by demonstraasjes spesifyk foar Frysk yn it ûnderwiis op ‘e lappen komme. Huisman sinjalearret dat te uzes gauris nei Wales wiisd wurdt, mar it ferskil is dat de minsken harren dêre sels sjogge as in Welshke naasje, wylst hy hieltyd minder praat heart oer it Fryske folk. It yn it libben roppen fan in Fryske grûnwet, dêr’t Huisman earder al ris in foarriedich útstel foar opmakke hat, soe neffens him fertuten dwaan kinne.

It omsittend en meipetearjend laach. Foto: It Nijs

De Jongfriezen wolle harren oars ek net beheine ta Fryslân. Hja wolle oparbeidzje mei Friezen oare kant provinsje- en lânsgrinzen. Dat smyt aardich wat diskusje op. Want oaren fine dat we genôch hawwe oan ússels en hja wize derop dat Friezen yn Noard-Hollân en East- en Noard-Fryslân (yn Dútslân) yn in oare situaasje sitte, wy it Frysk dat dêr noch praat wurdt net iens ferstean kinne en tal fan eardere inisjativen om de bannen oan te heljen, lykas útwikselingen, nea net folle opsmiten hawwe. Mei om sa’n nije ‘ynter-Fryske’ koerts stelt de Jongfryske foarsitter Sander Hoekstra in gearranen út fan de RfdFB mei de Fryske Rie, dy’t no de kontakten mei de oare Fryslannen ûnderhâldt. Hoekstra ferwiist yn dat ramt nei in artikel oer gearwurking mei Dútslân dat krekt in oeremannich foar de gearkomste op It Nijs ferskynde.

Oer de ynbrochte ideeën wurdt wakker redendield troch de tige belutsen oanwêzigen en op in bepaald stuit gie dat der noch efkes heil om seil om wei, mar de sfear is konstruktyf en in amerijke letter skowe de opponinten ienriedich byinoar oan foar it ôfslutende sûpke. Mei trochdat guon ynbrochten dat hja yn de bosk fan Fryske organisaasjes de beammen net mear sjogge, is besletten om in kommisje te foarmjen dy’t ynkoarten op in rychje sette moat wa wat no krekt berikke wol en hoe’t dêr in bettere struktuer yn oanbrocht wurde kin. Offurdigen fan ferskate organisaasjes mei útgelikense mieningen melden harren dêrfoar oan.

Guon pitches binne ûnder Opiny op It Nijs yn hiel harren hear en fear te lêzen.

april 24, 2022 17:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.