“Provinsje Fryslân kiest yn stikstofplan ferkeard”

april 3, 2022 10:00

LTO Noard is fûl tsjin it plan fan provinsje Fryslân om hûndert boerebedriuwen yn it súdeasten fan de provinsje op te keapjen. Dat opkeapjen wurdt neamd yn it Utfieringsprogram Stikstof 2030 fan de provinsje, dat ôfrûne tongersdei peresintearre is.

“Mei it massaal opkeapjen fan boerebedriuwen wurdt de agraryske en ekonomyske struktuer folslein útholle. Sa wolle boeren net mear mei de provinsje gearwurkje”, seit Fokke Hut, bestjoerder fan LTO Noard. Partisipaasje yn gebietsprosessen is fan belang as it om it agrarysk perspektyf giet. Sa’n positive dialooch wie yn de trije noardlike provinsejs noch hieltyd geande, mar mei it útfieringsplan fan de provinsje komt dat der oars út te sjen. As de provinsje foar massale útkeap kiest, binne der amper noch mooglikheden om maatskiplike opjeften mei perspektyf foar de agraryske sektor te kombinearjen

Der waard oant no sjoen nei in model dêr’t de natuer yn ferbetterde waard, oan maatskiplike opjeften foldien waard en boerebedriuwen bestean bliuwe koene. No wurde de boeren oerfallen mei in belied fan boppenôf en sûnder oerlis. De minsklike mjitte giet nei gychem, wylst de boeren graach mei de oerheid nei oplossingen sykje woene. Fokke Hut: “LTO Noard wol dan ek sa gau mooglik mei de Fryske polityk yn petear.”

april 3, 2022 10:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Tom Dykstra april 6, 22:34

    Opkeapjen frijwillich.
    It jild fierder brûke foar (ferplichte) ferduorsumjen fan de bedriuwen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.