Proef mei minyhuzen yn Hurdegaryp suksesfol
Resint ferskynd
Yn 2016 besleat de gemeente Tytsjerksteradiel om oan in projekt foar fiif minyhuzen yn Hurdegaryp mei te wurkjen. Mei’t der noch net folle oer dy wenfoarm bekend wie, besleat de gemeente in fergunning foar fiif jier te ferlienen. Eigners fan de ‘tiny houses’ en omwenners binne tefreden oer de situaasje. Dêrom hat de gemeente de tydlike fergunning ferlinge en sil dy de kommende jierren oan in definitive oplossing wurkje. Tytsjerksteradiel wie de earste gemeente mei in lytsehûskesstrjitte.

Minyhúskes yn Hurdegaryp (foto: Gemeente Tytsjerksteradiel)
Yn 2015 melde inisjatyfnimmer Gerard Dijkstra him by de gemeente mei in plan foar minyhúskes, in wenfoarm foar minsken dy’t foar in minimale libbensstyl kieze. Dijkstra wenne eartiids yn ’e Rânestêd en wie starter op ’e wenningmerk. “De prizen foar in appartemint yn ’e Rânestêd wiene doe al heech. Ik wol net wurkje foar in hûs en boppedat woe ik graach werom nei Fryslân.” De gemeente wol alle ynwenners graach passende húsfêsting biede en stiet dêrby iepen foar nije wenfoarmen.
Gjin beswieren mear
Omwenners reagearren yn earste ynstânsje ôfhâldend op it plan. “Dêrom hawwe wy mei de inisjatyfnimmers en omwenners ôfpraat dat it projekt as proef sjoen wurdt. Wy hawwe doe in fergunning foar fiif jier ferliend”, leit wethâlder Gelbrig Hoekstra út. “Underwilens is dúdlik dat minyhúskes in wenfoarm binne dy’t yn ús gemeente past.” De eigners binne entûsjast. Fjouwer fan de oarspronklike eigners wenje der noch. Beswieren fan omwenners binne der net mear.
Noflik wenje yn in lytser jaske
Minsken dy’t foar in minyhúske kieze, wolle in sa lyts mooglike ekologyske fuotleast efterlitte. Dat dogge se ûnder mear troch lyts te wenjen. Sa brûke se minder enerzjy en grûnstoffen en kinne se mei minder guod ta. Wenjen yn in minyhûs is dus basearre op in bewuste wen- en libbenskar. “Wy hawwe in protte wenkomfort”, fertelt Dijkstra. “It is net gâns oars, allinnich yn in lytser jaske; duorsumer en better te beteljen.”
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje