Prinsessehof siket gasten jierdeismiel Kening Willem-Alexander yn 2017
Resint ferskynd
Foar de oansteande útstalling Feest! is Keramykmuseum Prinsessehof op syk nei de gasten dy’t freed 28 april 2017 mei Kening Willem-Alexander in kroanjier fierden en by it grutte jierdeismiel yn it Keninklik Paleis Amsterdam oanskoden.

Prinsessehof (foto: Ruben van Vliet)
De tafel, ynklusyf it servys, sulver en de tafelstikken fan dy gelegenheid, is fan 15 oktober 2022 yn it Prinsessehof te sjen. Foar dy útstalling is it museum op syk nei de ferhalen fan minsken dy’t dêrby oanwêzich wiene: hoe hawwe se dy jûn ûnderfûn en hoe fiere sy harren jierdei gewoanwei?
Fan 15 oktober 2022 o/m 20 augustus 2023 lit Keramykmuseum Prinsessehof mei in grutte útstalling sjen hoe’t Nederlân feest fiert: fan karnaval oant Keti Koti en fan it Sûkerfeest oant in brulloft. Oan ’e hân fan ferskate feesten wurdt ûndersocht wat, mei wa en hoe’t der fierd wurdt. Sintraal stiet dêr it tafeljen by, want feest en iten – en dêrmei ek keramyk – binne mei-inoar ferbûn.
Feest! bestiet út tolve feestlike ynstallaasjes mei ûnderskaat keramyk út de kolleksje fan it Prinsessehof en dierbere foarwerpen en ferhalen fan feestfierders út hiel Nederlân.
De útstalling wurdt opset yn gearwurking mei it lanlike edukaasjeprojekt Feest! Weet wat je viert, in inisjatyf fan Museum Catharijneconvent yn Utert.
Sjoch op www.princessehof.nl foar mear ynformaasje.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje