Praat mei oer de takomst fan de Fryske Beweging

april 12, 2022 07:56

Hoe kin de Fryske Beweging gong hâlde by it krewearjen foar Fryslân, Friezen en it Frysk yn tiden dat minsken troch alle droktmen swier te rissen binne foar bestjoerswurk en frijwilligersaktiviteiten? Dy fraach stiet sintraal op de folgjende iepenbiere gearkomste fan de Ried fan de Fryske Beweging. Elk dy’t dêr wat oer kwyt wol en him of har foarôf oanmelden hat, kin dat op sneon 23 april yn in elevator pitch – in koarte presintaasje fan heechstens twa minuten – op it aljemint bringe. Dêrnei is der gelegenheid om oer de ynbrochte ideeën te redekaveljen.

Gearkomste Ried Fryske Beweging 28-10-21
Foto © Nanne Hoekstra

Mei de jierlikse Riedsgearkomste wurdt om 14.00 oere yn it Oranjehotel yn Ljouwert úteinset. Ynearsten is der in húshâldlik part om de wenstige stiftingssaken te bepraten, lykas it jierferslach oer 2021. Om 15.30 oere wurdt de takomst fan de Fryske Beweging oan ‘e oarder steld. Nigethawwers kinne, as hja dat wolle, allinnich foar dat part komme, mar elkenien is al wolkom fan healwei twaen ôf.

Klik hjir foar it foarriedige jierferslach: Jierferslach Ried 2021.

Hjir foar de oantekens fan de foarrige Riedsgearkomste ein oktober l.l.: RFFB 2021 ferslach rgk 10-28.

En hjirre foar de wurklist fan de oankommende gearkomste: Útnûging Grutte Ried 23 april 2022.

Oanmeldingen foar in bydrage graach uterlik 21 april dwaan fia ynfo@fryskebeweging.frl.

april 12, 2022 07:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.