Poepen fakânsjefiere leaver yn Fryslân as yn Nederlân
Resint ferskynd
Safolle Dútske toeristen as foar de koroanajierren binne der net mear, mar neffens Merk Fryslân komme de poepen noch altiten manmachtich dit út om yn Fryslân te fakânsjefieren. “Se witte dat hjir romte en rêst is”, seit Martin Cnossen fan Merk Fryslân.
Nederlân as gehiel is al gâns minder yn trek as foarhinne. Dat komt net trochdat de Dútsers Nederlân net mear lije meie, mar trochdat in soad Nederlanners mei sin yn it eigen lân bliuwe en rom yn it foar plakken reservearre hawwe. Foar de boppelanner is der ienfâldichwei gjin plak mear.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje