Pier Bergsma: Hoe rêde wy it Frysk?

april 14, 2022 11:05

It Fryske (media)lânskip freget om fernijing. De Fryske taal moat dêr in folweardich plak yn krije.

Skôging

Men moat tsjintwurdich foarsichtich wêze mei wat men seit. Foardat men it wit, stiet men op de lange teannen fan ‘e LGBTI+-mienskip, de oer-, oer-, oerpake en -beppesizzers fan slaven of oare minsken dy’t har eftersteld fiele.

It seit himsels dat elk ferstannich minske begryp hat foar ‘ynklusiviteit’, ‘elkenien moat meidwaan kinne en wy diskriminearje net.’ Der binne grinzen oan wat op dat mêd mooglik en winsklik is. Opfallend genôch lûkt it Frysk – dat dochs de memmetaal fan trijehûnderttûzen ynwenners fan dizze provinsje is – yn dat opsicht oan it koarste ein. Frysktaligen binne it blykber net wurdich om rekken mei te hâlden.

Sa kin in ûnnoazele ANWB-fertsjintwurdiger yn de Leeuwarder Courant fan tongersdei 7 april beweare dat it brûken fan de Fryske taal yn it ferkear ta ûnfeilige situaasjes laat, wylst dy organisaasje as gjin oare minsken stimulearret om nei lannen te reizgjen dêr’t men gjin wurd fan de taal ferstiet.

Op deselde dei fan dat aparte artikel hie It Skriuwersboun in jûnsgearkomste oer de takomst fan de Fryske literatuer. In dei letter organisearre it Koninklijk Fries Genootschap it Sieperda Sympoasium, ‘Fan nijsblêd oant podcast. Over nieuwscultuur in Fryslân’. It wie dus in bysûndere wike foar minsken dy’t yn noed sitte oer de takomst fan it Frysk, lykas ik.

Gelokkich hawwe wy it kulturele projekt Arcadia “(…) dat vanaf 6 mei honderd zomerdagen lang uit haar voegen barst met lokaal en internationaal moois rondom de vraag ‘In wat voor wereld wil jij wonen?’ Die vraag stellen we aan jou, als voorouder van de komende generaties. Als toekomstig oerpake of oudtante.”
Om it mar by Fryslân te hâlden, soe ik graach sjen dat folgjende generaasjes noch yn en mei it Frysk opgroeie kinne. Arcadia draacht dêr spitigernôch net in sprút oan by, want dat brûkt gjin Frysk, wylst dy taal no just in wêzenlik part fan de kultuer yn dizze provinsje is.

Yn guon opsichten is in soad berikt. It Frysk wie bygelyks de sprektaal yn dat Sieperda Sympoasium, om samar in foarbyld te neamen. De provinsje hechtet grut belang oan de sichtberens fan ús minderheidstaal. De media spylje dêrby in wichtige rol. Dat is no krekt wat soarchlik is, want wêrom safolle jild útjaan oan it ûnderwiis yn it Frysk as men it amper sjocht of earne lêze kin?

Op de Frysktalige nijsside ItNijs.frl steane in pear weardefolle bydragen oan dat sympoasium oer de nijskultuer. Henk Wolf stelt bygelyks fragen by dy twatalige app fan Omrop Fryslân en Abe de Vries is tige kritysk oer de ‘fernijing fan it medialânskip’.

Wat dat lêste oanbelanget, soe it pas fan ynnovaasje tsjûgje as it Frysk in folweardich plak yn ús medialânskip en de maatskippij krige. Mar it is earmoede troef. Krekt it Nederlânsktalige part fan de befolking yn Fryslân kin dy hâlding trochbrekke troch him foar it Frysk yn te setten. Dan doarre de Friezen sels dat ek better.

De Nederlânsktalige ferzje fan bygeand artikel stie mei in pear lytse feroaringen op tiisdei 12 april yn de Leeuwarder Courant. Ik haw dêr de ôfrûne jierren in lytse tritich ynstjoerde stikken oer it Frysk yn publisearre. Dit wie de lêste kear. Men moat ek fan ophâlden witte. Ik bin deroer útpraat.
april 14, 2022 11:05
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Cor Jousma april 14, 19:57

    Begjin ris mei it earlik ferdielen oer alle skoallen fan bern mei âlden dy’t net yn Nederlân berne binne. Soks is mei in skoalbus maklik te dwaan en foar alle bern better. It iene bern leart better de lânstaal of by úzes talen en it oare sjocht dat de wrâld oars ynklusyf is as syn âlden foar him/har betocht hiene…

    Mar sokke ynklusiviteit is in utopy fansels. Foar in soad lifestyle linksers binne harren skoallen WYT en is de fiertaal Nederlânsk/Ingelsk…

  2. wim april 15, 08:18

    Ik soe sizze begjin earst ris mei it inkeld pleatsen fan jonge immigranten (mei âlden). Ien fan 15 leart fansels net beide talen mear, mar ien fan 3 yn in Frysk doarp miskien wol. Neffens my seit it hânfest ek eat oer dat de oerheid neat dwaan mei om de provinsje te oerspielen mei oarstaligen of aksjes dy’t de kultuer ferkloatsje, dus jo soe miskien sels sizze kinne dat se hielendal net wolkom binne. No ha ik net san probleem mei de immigranten, mar jo mei der bêst in bytsje praktysk nei sjin. Ien fan 15 kreit it lêstich yn in doarp mei 2 talen, hielendol as jo net witte hokker wurden by hokker taal heare.

  3. Erwin2.0 april 15, 08:46

    Hiel simpel. Mei folweardich Frysk ûnderwiis en media (radio, tv, Netflix, sosjale media) kinne wy it Frysk in flinke triuw jaan.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.