Pier Bergsma: De ‘Friesche Beweging’ nei hûndert jier

april 28, 2022 14:48

Skôging

Der is yn de ôfrûne iuw in soad berikt foar it Frysk, mar wol in lytse taal as it Frysk oerlibje, dan sille frijwilligersorganisaasje dêrby fan belang bliuwe.

Yn 1917 joech de ‘Maatschappij voor goede en goedkoope lectuur’ te Amsterdam yn de searje ‘Handboekjes Elck’t Beste’ in boekje út mei as titel De Friesche Beweging. It wie skreaun troch Hendrik Jan Cannegieter (Tsjom 1880 – Haarlem 1966), predikant, skriuwer en sjoernalist. Op side 91 en fierder giet it oer ‘Friesche schoolmeesters’. Dat haadstik begjint sa: ‘Yn Tsjom binne alle minsken dom; Allinne master en pastoar. Dy witte in bytsje mear as in oar.’

Yn it part oer ‘De Jongfriesche Beweging’ skriuwt er op side 115 oer it ûnderwiis yn de Fryske taal it folgjende:
‘De belangstellling der leerlingen is naar een der leden van de onderwijs-commissie mij schreef ”tige by tige”, en dit wil op zijn Friesch nog al wat zeggen! Echter is mijn zegsman over de onderwijzers over het algemeen minder tevreden: ”Het schijnt wel“, zegt hij, “dat de Friesche schoolmeesters niet veel met deze zaak ophebben. De meesten zullen er wel tegen opzien zooveel studie van het Friesch te maken, dat zij daarin met vrucht onderwijs kunnen geven.’
Se hawwe it neffens dizze man ek te drok mei oare dingen. En dan skriuwt er fierderop:
‘Om de onderwijzers echter aan te moedigen heeft het Selskip (for Fryske tael en skriftekennisse) een som van ƒ 50 uitgeloofd voor ieder, die met goed gevolg het examen in het Friesch aflegt.’

Hoe stiet it der no foar mei it ûnderwiis, de Friese Beweging en de Ried? Is der yn de ôfrûne iuw in soad feroare?

Ja en nee.

Ja, wy hawwe no Frysk op skoalle en nee, want net oeral en net in trochgeande line fan beukers oant en mei it heger ûnderwiis. Ja, want wy kinne no yn de rjochtbank Frysk prate en nee, want der moat betiden in tolk by. Net alle offisieren, rjochters en advokaten prate en fersteane it Frysk en dat soe moatte. Ja, jo kinne tsjintwurdich hast oeral en altyd Frysk prate, sûnder dat ien freget oft it ek yn normaal Nederlânsk kin en nee: it talige lânskip is tige earm, sjochst it Frysk amper. Ja, wy hawwe in Frysktalige omrop en nee: amper Frysk yn de kranten. Om sa mar wat foarbylden te neamen.

Wol it Frysk oerlibje, dan hawwe wy wetjouwing nedich, mar as der gjin hannen en fuotten oan jûn wurde, sil it net genôch wêze. Der binne dêrneist trije spoaren fan trochslaand belang: de sichtberens fan de taal yn it deistich libben, want wêrom soest de bern Frysk lêzen leare as der yn it lânskip, kranten of tydskriften neat te lêzen is. Boppedat moat it Frysk folle mear as no ekonomyske wearde krije. In baan yn de soarch, yn it ûnderwiis en by de oerheid soe net mooglik wêze moatte sûnder behearsking fan it Frysk.

Der falt dus noch genôch te dwaan. Fryslân en it Frysk hawwe ferlet fan minsken dy’t har ynsette wolle. It antwurd sil net allinne fan de polityk komme kinne, it giet ek om de Friezen sels en om frijwilligersorganisaasje as de Ried fan de Fryske Beweging.

Boppesteande tekst waard yn ferkoarte foarm útsprutsen op de gearkomste fan de Ried op saterdeitemiddei 23 april. Der waard ek in ôfspraak makke mei in tal dielnimmers om fierder te praten oer de takomst fan de Fryske Beweging.

april 28, 2022 14:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.