Papiamintsk kriget deselde status as Frysk

april 24, 2022 21:08
Foto: Unsplash

It Papiamintsk kriget deselde status as it Frysk: it wurdt erkend ûnder diel trije fan it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden. Dat waard tongersdei op in sympoasium oer lytse talen yn Wolvegea buorkundich makke.

De erkenning jout sprekkers fan it Papiamintsk op it eilân Bonêre beskate wetlike rjochten. Sa moat de taal brûkt wurde kinne yn it ûnderwiis, de media, it iepenbier bestjoer en de rjochtspraak.

De Fundashon Akademia Papiamentu wol graach mei Fryske organisaasjes oparbeidzje. Oan ‘e iene kant wol de organisaasje op Bonêre trijetalige skoallen oprjochtsje nei it model dat yn Fryslân al goed tweintich jier brûkt wurdt. Oan ‘e oare kant kin Fryslân leare fan twatalige tsjinstferliening: op Bonêre is aktive kennis fan de minderheidstaal in ferplichting foar elkenien dy’t yn de soarch of by de oerheid wurket.

Foarsitster fan de Fundashon Akademia Papiamentu Elsmarie Beukenboom fertelde yn Wolvegea dat it brûken fan it Papiamintsk op Bonêre efterútbuorket trochdat in soad Nederlanners nei Bonêre ferfarre. Sûnt Bonêre yn 2010 diel fan it lân Nederlân wurden is, is it plak fan de taal op skoalle ek gâns lytser wurden.

april 24, 2022 21:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.