Oxfam: ekstreme earmoed driget dit jier foar nochris fearn miljard minsken
Resint ferskynd
Dit jier driigje goed 260 miljoen minsken wrâldwiid yn ekstreme earmoede te bedarjen. Dat betsjut dat se minder as 1,74 euro deis te besteegjen hawwe. Dat stelt Oxfam Novib yn in nij rapport fêst. De helporganisaasje rûst dat as dêr neat tsjin dien wurdt, ein 2022 sa’n 860 miljoen minsken yn earmoede libje.

Foto: pixabay.com
Neffens Oxfam nimt de earmoede yn ’e wrâld ta fanwege de effekten fan de koroanagoarre en de tanimmende ekonomyske ûngelikens. De oarloch yn Oekraïne spilet ek in rol, mei’t dy ta hegere prizen foar iten en enerzjy laat. Earme minsken besteegje yn ferhâlding in grut part fan harren ynkomsten oan iten, seit Oxfam. Troch de hege prizen wurde se no twongen om pynlike karren te meitsjen, neffens de ûntwikkelingsorganisaasje, lykas tusken it beteljen fan iten, ferwaarming of soarch. Under mear yn parten fan Afrika, Jemen en Syrië is de situaasje tige skrinend, stiet yn it Oxfam-rapport. Yn East-Afrika rinne sa’n 28 miljoen minsken it risiko op ekstreme honger.
Neffens Oxfam binne wrâldwiid te lang politike karren makke dêr’t rike minsken better fan wurden binne en de earmen troch yn ’e kjeld stean bleauwen. Dêrtroch soene mienskippen tige kwetsber wêze foar ûnferwachte barrens en krises. De helporganisaasje ropt oerheden oer de hiele wrâld dêrom op om mear en hegere belestingen yn te fieren foar rike minsken en foar grutte bedriuwen dy’t no “bûtenwenstige winsten” meitsje. In oar wichtich punt foar Oxfam is it kwytskatten fan de skulden fan de earmste lannen yn ’e wrâld. Oxfam is ek fan betinken dat rike lannen as Nederlân mear yn lytsskalige lânbou yn ûntwikkelingslannen ynvestearje kinne.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje