Oerheid wol slachtoffers ierdskokskea Grinslân minder jild jaan

april 21, 2022 20:21

De Grinslanners mei skea oan ‘e huzinge troch ierdskokken moatte tenei minder jild krije. Dat seit it IMG, it bestjoersorgaan dat de fergoeding foar de slachtoffers op ‘e noed hat. It IMG is oprjochte, om’t de Grinslanners gjin betrouwen mear hiene yn ‘e besteande ynstitúsjes.

Neffens it IMG binne huzen safolle djurder woarn dat it net mear nedich is om de weardedelgong lyk te meitsjen. De huzekrapte makket dat rûnom yn Nederlân wol minsken in wente keapje wolle, al is it ek yn it ierdskokgebiet. Dat driuwt de prizen omheech.

Oft de skeafergoeding foar de Grinslanners wier ferlege wurdt, wurdt yn juny besletten.

april 21, 2022 20:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.