Nynke Laverman en Sytze Pruiksma trede op yn Frysk Museum

april 16, 2022 09:11

Hjoed, sneon 16 april, fiert it Frysk Museum de iepening fan twa nije útstallingen. Petrit Halilaj: You used to fly, go everywhere and wake up those who are asleep is de earste útstalling fan de Kosovaarske keunstner op Nederlânske boaiem. Dêrneist wurdt in yntime eksposysje mei wurk fan de Nederlânske Mai van Oers iepene.

Nynke Laverman en Sytze Pruiksma (foto: Han Ernest)

De hiele dei is de yntree fergees en binne der rûnliedingen, wurkateliers en muzyk yn de hal. Om 16.00 oere is der in iepeningswurd fan direkteur Kris Callens, kurator Judith Spijksma en mr. Dren Doli, ambassadeur fan de Republyk Kosovo. Nei de sprekkers jouwe Nynke Laverman en Sytze Pruiksma in yntym konsert foar de oanwêzigen.

Op de webside fan it museum is it programma te finen en kin in fergees kaartsje reservearre wurde. Alle kaarten foar de rûnliedingen binne ûnderwilens ferjûn.

Programma sneon 16 april
12.00 – 16.00 wurkateliers: okarina’s meitsje mei Lies van Huet en tekenje op muzyk mei biodynamysk keunstnerskollektyf Het Kanaal;
13.45 rûnlieding útstalling Petrit Halilaj troch kurator Judith Spijksma;
15.00 rûnlieding Mai van Oers troch Van Oers;
16.00 iepeningswurd troch Kris Callens, direkteur, Judith Spijksma, kurator en mr. Dren Doli, ambassadeur fan de Republyk Kosovo;
16.20 optreden Nynke Laverman en Sytze Pruiksma;
18.00 ein.

‘Dreaming on…’ fan Petrit Halilaj (foto: Renato Ghiazza)

april 16, 2022 09:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.