NOS en regionale omroppen sille nauwer gearwurkje
Resint ferskynd
De NOS en regionale omroppen sille yntinsiver gearwurkje. Dat bart no al trochdat nijsûnderwerpen dy’t al makke binne, útwiksele wurde. Yn ’e takomst giet dat fierder. De NOS en regionale omroppen dogge dat om spanningen en tanimmende polarisaasje tsjin te gean, ûnder mear troch big tech en ynternetbubbels.

NOS en Omrop Fryslân ferdjipje lanlik-regionale publike gearwurking
Yn in ferklearring stelle de inisjatyfnimmers dat spanningen yn ’e maatskippij tanimme troch de groeiende polarisaasje. “De ûnôfhinklike plurifoarme nijsfoarsjenning stiet hieltyd mear ûnder druk.” In sterke publike gearwurking tusken de NOS en regionale omrop is dêrom needsaaklik om in ferskaat medialânskip te hâlden, wurdt sein. Der wurdt socht nei in wurkwize dêr’t sjoernalistysk bewuster by bedreaun wurde kin. De omroppen wolle mear each foar djipperlizzende oarsaken en trends, en minder foar ynsidenten. It doel fan de fierdere gearwurking is dat it publyk him better weromkent yn de sjoernalistike karren dy’t makke wurde.
De NOS en regionale omroppen sille dêrom mear gearwurkje oan ’e foarkant fan it sjoernalistike proses. Der wurdt ek ynset op mienskiplike ûndersykssjoernalistyk. Dêrneist wurde talintûntwikkeling en opliedingen bondele yn in mienskiplike akademy, dêr’t de kennis en ûnderfining fan de NOS yn dield wurdt mei de regionale kollega’s. Fierder komt der in strukturele útwikseling fan personiel. Mei de alliânsje wolle de NOS en de trettjin regionale omroppen de publike nijsfoarsjenning fersterkje. “Mei betrouber en net-bûn nijs dat yn de mienskip woartele is, wolle se tsjinwicht biede oan de groeiende ynfloed fan big tech (Google, Apple, Facebook, YouTube, Netflix ensfh.), oan it risiko dat minsken net mear bûten harren eigen nijsbubbel komme en oan de groeiende stream fan (soms bewust) misliedende ynformaasje”, stiet yn in parseberjocht. Beide partijen “fersterkje en folle inoar oan”, stiet in de ferklearring.
Fan ’e middei tekenje algemien direkteur Gerard Timmer fan de NOS en Omrop Gelderlân-direkteur Guus van Kleef (út namme fan alle trettjin regionale omroppen) in fyzjedokumint om de alliânsje te bekrêftigjen. Om de yntinsivere gearwurking mooglik te meitsjen, moat ek op technysk mêd ynnovearre wurde. Sa kinne aginda’s en nijsûnderwerpen oersichtlik útwiksele wurde as de systemen opinoar oanslute. Der wurdt ek tocht oan in nij te ûntwikkeljen app.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje