Noardeastpolder winner Light Challenge 2021

april 18, 2022 08:43 Fernijd

Tongersdei 14 april wie de finale fan de fyfde edysje fan de Light Challenge. De gemeenten It Hearrenfean en Almeare organisearren tegearre de ûntwerpkriich mei as tema ‘glowing nature’. Tsien studinteploegen strieden om de eare en joegen ynfolling oan in nij ljochtkonsept foar de iepenbiere romte. It ûntwerp fan ploech Noardeastpolder kaam as winner út de bus.

Boarne: Gemeente It Hearrenfean

Wethâlder Hedwich Rinkes fan de gemeente It Hearrenfean: “Ik bin bliid ferrast troch de fantastyske ûntwerpen. De studinten hawwe harren ideeën troch witte te fertalen nei konsepten dy’t yn ’e iepenbiere romte goed ta te passen binne.”

Winnend ûntwerp
It winnende konsept is in bioreaktor mei ljochtjaande baktearjes. It objekt wurdt fiede mei restwaarmte út bygelyks rioelearring, in sporthal, swimbad of minsklike waarmte. De ploech hat ek ûndersyk dien nei it trochûntwikkeljen fan miny-ekosystemen as produkten by ljochtjaande algen en baktearjes. De konklúzje is dat it in kompleks proses is, mar perfoarst net ûnmooglik. Glowing nature wurdt dêr optimaal yn tapast en is in nije foarm fan ferljochting foar de takomst.

Ynnovatyf en fernijend
Neffens de faksjuery hat ploech Noardeastpolder him it meast fan alle ploegen oan de opdracht mei as ûnderwerp ljochtjaande natuer holden. De ploech hat in fernijend produkt presintearre dat alle kâns hat op trochûntwikkeling en dat ekonomysk út kin. It konsept wint dêrom de Light Challengea 2021-edysje. Alle ûntwerpen binne noch oant en mei oktober op Floriade World Expo 2022 yn Almere te sjen.

Tapassing yn ‘e iepenbiere romte
Ut eardere edysjes fan de Light Challenges binne ûnderwilens seis konsepten yn de praktyk útfierd. Nei alle gedachten wurde ek út dizze edysje wer in stikmannich konsepten útfierd yn de stêd dêr’t se ûntwurpen binne. Fia sosjale media en webside (www.lightchallenge.eu) is de fuortgong te folgjen.

Light Challenge
It Hearrenfean is betinker en organisator fan de lanlike ynnovaasjekriich Light Challenge. De ûntwerpkriich waard yn 2011 foar it earst organisearre. Studinteploegen wurde útdage om mei bedriuwslibben, oerheden en einbrûkers ta ynnovative konsepten te kommen foar it duorsum ferljochtsjen fan de iepenbiere romte. Ien fan de betingsten is dat se bewust rekken hâlde mei de kearnwearde tsjusterte. Op dy wize wurdt ljocht yn de iepenbiere romte mei natuer, technyk, wittenskip en bioferskaat ferbûn.

Dit jier diene mei: Almere, It Hearrenfean, Amsterdam, Rotterdam, Almelo, Drachten, Harns, Ljouwert, Noardeastpolder en Delftse Hout.

april 18, 2022 08:43 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.