No sneon: Muzikale Iterij yn húskeamerteater De Wier Koarnjum

april 12, 2022 09:44

Bob de Boer draait sneon 16 april yn ’e lêste edysje fan de Muzikale Iterij foar de simmer muzyk út ferskate sjenres mei de tema’s iten en drinken. As muzykleafhawwer en kenner fertelt er dêr wiidweidich oer mei ferskate weetsjes en lit er ien en oar ek fisueel sjen en fansels hearre.

Foto: ©Bob de Boer Produkties

Wieke de Haan servearret dêr ferskate ‘tapaslike’ gerjochten by mei in knypeach rjochting peaske en ljochtet ek har itensiedkeunsten ta. Der binne noch in pear plakken beskikber foar it evenemint yn it yntime teater oan De Wier yn Koarnjum. Dielnimmers binne trije oerkes ûnder de pannen: in wiidweidich middeismiel dus.

Bob en syn lp-hoezen (foto: ©Bob de Boer Produkties)

It begjint om 13.00 oere, doar giet om 12.30 oere iepen. Yntree € 29,50 de persoan mei in wolkomstdrankje ynbegrepen. Oanmelde kin fia bobdeboer@pinupsanddowns.com.

Foto: © Bob de Boer Produkties

april 12, 2022 09:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.