Nije subsydzjes foar gearwurking mei Dútske partners

april 23, 2022 08:34

Yn it ramt fan it gearwurkingsprogramma Interreg VI A Deutschland-Nederland is yn de programmaperioade 2021-2027 mear as 450 miljoen euro beskikber foar projekten oer de grinzen hinne.

Foto: ©Interreg Deutschland-Nederland

Woansdei 20 april is it gearwurkingsprogramma Interreg VI A Deutschland-Nederland presintearre en mei in digitaal evenemint úteinset. It offisjeel goedkarren fan it programma troch de Europeeske Kommisje wie op 11 april 2022. Ferskate fertsjintwurdiger fan de mei-inoar 15 oanbelangjende Interreg-partners wiene oanwêzich om ynsjoch yn de nije subsydzjes en betingsten fan it nije Interreg Deutschland-Nederland te jaan. It doel fan it programma is ekonomyske en maatskiplike ynnovaasje en ûntwikkeling yn en fan it programmagebiet en it opheffen fan grinsbarriêres. Boargers, organisaasjes en bedriuwen yn it programmagebiet, dêr’t Fryslân folslein diel fan útmakket, kinne gebrûk meitsje fan de mooglikheden fan it programma.

Deputearre Friso Douwstra ûndertekene út namme fan de provinsje Fryslân de gearwurkingsoerienkomst: “Fryslân is no foar de tredde kear Interreg-A-partner, eat dat lang ûnwis west hat, en it is fantastysk dat it slagge is. It programma Deutschland-Nederland is foar middelgrutte en lytse bedriuwen en de Fryske boarger ek echt binnen hânberik.

It programma biedt folop kânsen foar Fryslân, bygelyks foar it noch oantrekliker meitsjen fan de maritime sektor. Wy kinne de lânbou yn ‘e regio ek helpe om griener te wurden. Wy kinne troch mienskiplike ynnovaasjes de ynternasjonale merkposysje fan de regio fersterkje en ús skoalbern kinne op útwikseling.”

Oer Interreg VI A Deutschland-Nederland
It programmagebiet rint fan de Noardseekust oant de Nederrijn oan wjerskanten fan de grins. De programmapartners binne it Ministerie fan Economische Zaken en Klimaat, it Ministerium für Wirtschaft, Innovation, Digitalisierung und Energie des Landes Nordrhein-Westfalen, it Niedersächsische Ministerium für Bundes- und Europaangelegenheiten und Regionale Entwicklung, de provinsjes Fryslân, Groningen, Drenthe, Flevoland, Overijssel, Gelderland, Noord-Brabant en Limburg en ek de Eems Dollard Regio, de EUREGIO, de Euregio Rijn-Waal en de euregio rijn-maas-noord. Fanwegen koroana waard de Interreg-oerienkomst foarôf troch fertsjintwurdigers fan de programmapartners ûndertekene. It nije Interreg VI-programma is bedoeld foar projekten dy ‘t bydrage oan it fersterkjen fan technyske ûntwikkeling en ynnovaasje, in grien programmagebiet, in ferbûn grinsgebiet en in Europa dat tichter by syn boargers stiet.

Sjoch foar mear ynformaasje op: www.deutschland-nederland.eu.

april 23, 2022 08:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.