Nije stap yn Nederlânsk koroanabelied: sûner libje

april 1, 2022 19:16
Foto: Unsplash

De minsken yn Nederlân moatte sûner libje. Dat is ien fan de nije doelen fan it Nederlânske koroanabelied, sa hat it regear freed buorkundich makke. Minsken dy’t mei koroana yn it sikehûs bedarren, wiene de ôfrûne jierren almeast âld, siik of se hienen harren sûnens fersloere litten. In grut part wie te grou.

Dat groulivigens in oanboazjend probleem is yn Nederlân, waard okkerdeis ek buorkundich. It Nijs berjochte dêr woansdei noch oer. Om foar te kommen dat de sikehûzen by in nije leat oan ‘e koroanastambeam fannijs fol komme te lizzen, moatte minsken mear bewege en minder rommel ite.

Oare saken dy’t de Ryksoerheid docht om foar te kommen dat it wer raar komt mei koroana, is it ynkeapjen fan genôch medisinen. Fierder wurde sikehuzen derop taret dat se guon pasjinten soerstof mei nei hûs ta jouwe, dat dy net mear in sikehûsbêd nedich binne.

De oerheid hâldt fêst oan ‘e goerie om foar in part thús te wurkjen as it kin. Dêrtroch kinne minsken makliker wer oergean op mear thúswurk, mocht it nedich wêze. De testsintrums fan ‘e GGD geane foar in part ticht, neffens de Ryksoerheid binne selstests goed genôch yn de notiidske faze fan ‘e pandemy. It regear bliuwt by de oanrekommandaasje om gergeldwei te hânwaskjen

april 1, 2022 19:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.