Nij projekt ‘Dêrom Frysk – Klassem!nt’ mei fergeze lespakketten foar fuortset ûnderwiis

april 9, 2022 09:30

Afûk, Cedin en SJB Media komme mei it nije projekt ‘Klassem!nt’ foar skoallen yn it fuortset ûnderwiis. It betsjut in ferfolch én in ferdjippingsslach op de eardere en tige suksesfolle kampanje #dêromfrysk, dy’t yn febrewaris 2021 útein setten is. Klassem!nt hat as doel learlingen yn it fuortset ûnderwiis neitinke te litten oer wat taal foar harren betsjut en harren entûsjast te meitsjen om foar it Frysk as (eksamen)fak te kiezen. In rige portretten lit harren sjen hoe oanloklik en wichtich oft it Frysk is en hokker kânsen en mooglikheden oft it biede kin. 

Boarne: Afûk

Dêrom Frysk – Klassem!nt 
Dêrom Frysk is in bewustwurdingskampanje foar jongerein yn Fryslân dy’t antwurd jout op de fraach “Wêrom Frysk?”. Klassem!nt wurket oan dat belangrike part dat oan it fak Frysk learen foarôf giet: it lit learlingen yn it fuortset ûnderwiis neitinke oer wat taal foar harren betsjut. Doel is om de kommende jierren ta te wurkjen nei in gruttere groep eksamenkandidaten yn it fak Frysk.

Lisa Boersma, projektkoördinator ûnderwiis by de Afûk: “Prosintueel sjoen is de groep learlingen dy’t eksamen dogge yn it Frysk net grut. Mei Dêrom Frysk wolle wy de learlingen bewust meitsje fan de foardielen fan it Frysk – en meartalichheid yn bredere sin – en geane wy dêrby djipper op emoasje en motivaasje yn.”

By Klassem!nt stiet in rige fan seis fideoportretten fan ‘gewoane’ Friezen sintraal. Ferhalen oer it Frysk dy’t ferwûnderje, werkenning oproppe en oansette ta in moai klassepetear tusken learlingen en dosinten. De learlingen ‘ranke’ de fideo’s op basis fan wat sy hearre, en tinke nei oer de wearde fan in taal en it nut fan it Frysk. Sipke Jan Bousema, produsint fan SJB Media: “De doelgroep wurdt direkt en mjitber berikt fia de ynteraktive website. Dêrtroch binne de oerwagingen fan learlingen ynsichtlik. Dat is handich, omdat wy mei dy ynformaasje de doelgroep op in letter momint fia de dosint noch better oansprekke kinne en sa ta in optimale aktivaasje komme.”

Fergees lespakketten foar alle skoallen 
Nei alle skoallen foar fuortset ûnderwiis yn hiel Fryslân binne lespakketten stjoerd, dêr’t it ynteraktive projekt Klassem!nt op skoalle mei útfierd wurde kin. Dat kin yn in les Frysk of bygelyks by it fak maatskippijlear. Alles wat nedich is om dy lessen te jaan, sit yn it lespakket dat de skoallen fergees tasjoerd krije: fan lesbrieven en posters oant in hantlieding mei stap-foar-stapútlis foar de dosint. Anna Marije Bloem, ûnderwiisadviseur by Cedin: “Foar de einopdracht krije alle learlingen in fotomapke dêr’t se harren persoanlike portret oer harren eigen taal mei meitsje kinne. Dat leveret moaie persoanlike petearen op en begryp foar elkoars motivaasjes.”

Gearwurking Dêrom Frysk 
Yn Dêrom Frysk wurkje Afûk, Cedin en SJB Media en ûnderdiel fan Taalplan Frysk 2030 mei-inoar gear. Ien fan de doelstellingen is dat it yn 2030 op alle skoalle foar fuortset ûnderwiis mooglik is om Frysk as eksamenfak te kiezen; dat is no op 13% fan alle skoallen mooglik. Mei Taalplan Frysk wurdt ynvestearre yn de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s.

april 9, 2022 09:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.