Meiwurkers AFM jouwe les op mbû oer kryptomunten

april 1, 2022 08:43 Fernijd

Meiwurkers fan de Autoriteit Financiële Markten (AFM) jouwe de kommende moannen les op tsientallen mbû-skoallen oer belizzen en spekulearjen. Sa hoopje se jongelju te warskôgjen foar de risiko’s dy’t se rinne en foar beynfloeders dy’t gouden bergen ûnthjitte.

Foto: pixabay.com

De populariteit fan belizzen is de ôfrûne jierren flink tanommen. It ynvestearjen yn kryptomunten is foar in protte jonge minsken ûnderwilens deagewoan wurden. Ut ûndersyk fan it Nibud en de Rabobank docht bliken dat in fearn fan de jongfolwoeksenen dêrmei dwaande is. Sels minderjierrigen hannelje yn krypto’s, konkludearre de NOS.

Belizzen wurdt hieltyd makliker makke troch de opkomst fan ûnderskate apps. Dêrmei kin men mei ien druk op ’e knop wat oandielen of munten keapje. Mar kennis fan de risiko’s ûntbrekt faak. Dêrneist lykje guon jongelju maklik te fallen foar reklames en beynfloeders, dy’t sizze dat men de boat net misse moat.

De AFM en De Nederlânske Bank warskôgje al langer foar de risiko’s fan krypto’s, mei’t se wetlik sjoen amper tafersjoch op de oanbieders fan de munten hâlde kinne. Se kinne dan ek net optrede tsjin misliedende fideo’s, Instagramberjochten en reklames, lykas se dat wol kinne by ferkearde ynformaasje oer belizzen. Neffens de AFM binne risiko’s fan ynvestearjen yn krypto’s grut, mei’t de koersen fan kryptomunten sterk skommelje. Dêrtroch is de kâns op jild ferliezen tige grut. It is fierder faak anonym en fetber foar fraude en hacks, seit de AFM.

De Europeeske Uny wol fan 2024 ôf regels foar kryptomunten ynfiere, sadat se yn alle EU-lannen gelyk behannele wurde. Ien fan de gefolgen is dat oanbieders fan krypto’s harren klanten dan ek folle mear op de risiko’s wize moatte. Misliedende reklames en sosjalemediaberjochten oer kryptomunten kinne dan ek net mear, en dêr sil ek op hanthavene wurde moatte.

april 1, 2022 08:43 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.