Mear gebrûk fan stienkoal troch fuortfallen Russysk gas

april 6, 2022 08:29

Ferskate Europeeske lannen gripe mei it fuortfallen fan Russysk gas werom nei de meast fersmoargjende brânje dy’t der is, nammentlik stienkoal. It opbetterjen nei de koroanakrisis en de hege gasprizen laten ferline jier al ta fiks mear gebrûk fan koalen by it opwekjen fan stroom yn de Europeeske Uny. Foar 2022 wurdt, fanwege de oarloch yn Oekraïne, ek in groei ferwachte.

Koalesintrale yn Poalen (foto: Wikipedia/Petr Štefek [eigen wurk] – CC BY 2.5)

Dat wylst it útfasearjen fan koalen just ien fan de Europeeske doelen wie. Wylst lannen as Sina en Yndia jierren efterinoar allinnich mar mear koalen ferbrûkten, rûn it stienkoalgebrûk yn de Europeeske Uny tusken 2010 en 2020 mei sa’n fjirtich persint tebek.

It taboe op koalen liket der foar Europeeske lannen as Dútslân, Poalen en Italië no ôf. Nederlân wie oant ferline wike goed op wei. De Onyx-koalesintrale op de Maasflakte soe yn ruil foar goed 200 miljoen euro subsydzje fan it Ryk de doarren earder slute, mar dy ôfspraak giet oer: troch de hege gasprizen bringt it mear winst op om dochs iepen te bliuwen. Klimaatminister Jetten seit dat it beslút him muoit en ek min foar it klimaat is. Boppedat kriget de eigner, in Amerikaansk ynvestearringsfûns, dochs noch subsydzje fan it Ryk. Dat is omdat de sintrale net op folle krêft draaie mei fanwegen te hege CO2-útsjit dy’t dat foar Nederlân meibringe soe.

De Europeeske Kommisje seit dat it weromgripen op stienkoal tydlik is en dat de klimaatdoelen foar 2030 net yn gefaar binne. Dat betsjut dat de útstjit fan broeikasgassen yn dat jier mei 55 persint ôfnommen wêze moat neffens 1990. Saakkundigen tinke dat dat wol dreger wurdt as stienkoal foar langere tiid brûkt wurdt. Koalen stjitte likernôch twa kear safolle CO2 út as gas, foar deselde hoemannichte enerzjy. Om dan wol it klimaatdoel te heljen, sil de kommende tsien of fyftjin jier ekstra kompensaasje nedich wêze. Neffens in klimaatekspert fan it Planburo foar de Leefomjouwing is it better om fuortdaliks duorsume maatregels te nimmen om fan Russysk gas ôf te kommen en by te dragen oan de klimaatdoelen.

april 6, 2022 08:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.