Marije Reitsema wint Fryske foardrachtkriich FeRstival

april 10, 2022 10:21

Marije Reitsema út Bûtenpost hat de 78e edysje fan FeRstival wûn, de Fryske foardrachtkriich foar learlingen út it fuortset ûnderwiis. Yn De Harmonie yn Ljouwert makke sy de measte yndruk op de sjuery mei har foardracht fan it gedicht ‘Ferlegen’ fan Elske Kampen

Boarne: Cedin

De finale fan FeRstival hie al earder wêze sillen, op 11 desimber 2021. Fanwegen koroana moast dy útsteld wurde nei 9 april. De dielnimmers dy’t yn novimber de foarkrigen oerlibbe hiene, moasten foar hjoed in nij gedicht út ‘e holle leare en sa moai mooglik foardrage. Dat waard yn de heechste kategory, de Toppers, it bêste dien troch Marije Reitsema, learling fan it Lauwers Kolleezje yn Bûtenpost. “Marije keppele harsels oan de wurden en makke sa fan it gedicht en de foardracht wat unyks”, sei sjueryfoarsitter Arjan Hut.

Yn de kategory ‘Trochsetters’, foar twadde- en treddeklassers, wie it earste plak foar Danian van der Mossel út Feanwâlden. Hy die dat mei it gedicht ‘Panyk’ fan Tsjits Peanstra. By de ‘Starters’, foar earsteklassers, droech Benthe Kuipers út De Harkema it moaiste foar, mei it fers ‘Rein’ fan Berber Spliethoff. Der diene tritich dielnimmers oan de finale mei, op de foarkrigen kamen yn totaal tactich dielnimmers ôf.

Jongerein en Fryske poëzij
FeRstival waard yn 1942 troch de Fryske Underwiisrie ynsteld. Doel wie om de belangstelling te befoarderjen foar poëzy, en dan benammen foar de Fryske. De inisjators fûnen it ek wichtich dat learlingen ûnderfine hoe’t it is om op in poadium te stean. Yn al dy jierren hawwe hiel wat pubers meidien fan wa’t guon it letter op ’e planken makke hawwe, tink oan Rients Gratama, Nynke Laverman, Tet Rozendal en Theun Plantinga.

Renske Mud fan Singelland VHS Drachten (boarne: Cedin)

Alle winners 2021(+1):
Starters (earsteklassers)

  1. Benthe Kuipers – Singelland Drachtster Lyseum
  2. Jildou Reitsema – Lauwers Kolleezje Bûtenpost
  3. Jelienke Holwerda – Beyers Naudé Ljouwert

Trochsetters (twadde- en treddeklassers)

  1. Danian van der Mossel – Liudger Burgum
  2. Renske Mud – Singelland VHS
  3. Noëz Witteman – Beyers Naudé Ljouwert

Toppers (fjirdeklassers en heger)

  1. Marije Reitsema – Lauwers Kolleezje Bûtenpost
  2. Monisha van der Veen – Beyers Naudé Ljouwert
  3. Sjirk Boonstra – Beyers Naudé Ljouwert
april 10, 2022 10:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.