Macron hat frou Le Pen yn streken
Resint ferskynd
It hat derfan dat Emmanuel Macron presidint fan Frankryk bliuwt. Neffens rûzings fan ‘e stjoerder France 2 kriget er sa’n 58 persint fan ‘e stimmen. Dat is gâns mear as Marine le Pen, de twadde gadingmakker oan it foarsitterskip fan ‘e Frânske republyk.
Neffens de Frânske nijsberjochten setten likernôch 73 persint fan ‘e stimberjochtige Frânsen hjoed nei de stimbus ta. Dat is justjes minder as by de foarige ferkiezings, doe’t sa’n 75 persint fan ‘e ljuwe opdaagjen kaam. Doe hiene hja deselde kar en wûn Macron ek rom.
De foarsizzing fan France 2 is basearre op de earste stimbusútslaggen fan lytse stimburo’s dy’t betiid ticht giene.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje