Maaiefakânsje yn Natuermuseum yn teken fan ‘skjin wetter’

april 24, 2022 08:39 Fernijd

It Natuermuseum Fryslân yn Ljouwert organisearret yn ’e maaiefakânsje, yn gearwurking mei Wetterskip Fryslân, ferskate aktiviteiten oangeande it tema ‘skjin wetter’. Oan ’e hân fan alderhande proefkes leare jonge besikers duorsum mei wetter om te gean.

Foto: Natuermuseum Fryslân

Wat bart der mei dingen dy’t ik troch it húske spiel? Wat heart wol en wat just net yn it húske? Wat is de bêste manier om wetter te suverjen? Op dy en noch in hiele protte oare fragen kinne de bern antwurd krije yn ’e maaiefakânsje. Yn it atrium fan it museum sille se ferskate proefkes en oare aktiviteiten dwaan om derefter te kommen hoe skjin oft it wetter yn harren eigen omjouwing is en hoe’t se dat sa hâlde kinne. Der wurdt ek in kearmannich deis in demonstraasje holden dêr’t bern by leare hokker wei oft in trochspielde loarte ôfleit. En wat bart der as dingen yn it húske trochspield wurdet dy’t dêr net hearre?

Gearwurking mei Wetterskip Fryslân
Foar it tema yn ’e maaiefakânsje wurkje it Natuermuseum en Wetterskip Fryslân mei-inoar gear. It Wetterskip set him yn foar feilich, foldwaande en skjin wetter yn hiel Fryslân en it Grinzer Westerkertier. Wetterskip Fryslân is dan ek partner fan de UnderWetterSafary, de edukative attraksje yn it Natuermuseum dêr’t besikers in tocht by meitsje troch de ûnderwetterwrâld fan Nederlân.

Oer de Wike fan Us Wetter
De Wike fan Us Wetter wurdt twa kear jiers organisearre, yn ’e maitiid en yn ’e hjerst. Yn ’e hjerst leit de klam op de beskerming tsjin it wetter en wetteroerlêst, yn ’e maitiid giet it foaral oer (genôch) skjin wetter en it brûken fan wetter yn en om it hûs. Us Wetter is in inisjatyf fan de publike organisaasjes yn Nederlân dy’t har mei wetter dwaande hâlde: ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat, Rykswettersteat, Uny fan Wetterskippen, VNG, IPO, Vewin, wetterskippen, provinsjes, gemeenten en wetterbedriuwen. Mear ynformaasje is te finen op www.onswater.nl.

De Wike fan Us Wetter wurdt fan 30 april oant en mei 6 maaie 2022 holden. Dan is it museum moandeis fan 10.00 oant 17.00 oere ek iepen. It museum is op Keningsdei en Befrijingsdei ticht. Mear ynfo op www.natuurmuseumfryslan.nl.

april 24, 2022 08:39 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.