Ljouwert biedt minister fan Wenjen fluggere wentebou oan

april 12, 2022 09:12

De gemeente Ljouwert wol de minister foar Folkshúsfêsting en Romtlike Oardering helpe om 900.000 wenten te bouwen oant it jier 2030. Yn it Spoarsônegebiet (ûnder mear Spoardok en Middelsee) lizze neffens de gemeente genôch kânsen om yn dy perioade mear wenten te bouwen as no foarsjoen binne. Ljouwert die it bod moandei by de wurkbesite fan minister De Jonge oan Ljouwert.

Foto: Gemeente Ljouwert

“Wy hawwe de minister sjen litten hoe ambisjeus wy binne om de groeikânsen fan ús stêd te benutten”, fertelt wethâlder Hein de Haan fan Romtlike oardering en Folkshúsfêsting) “Yn ús hjoeddeiske útwreidingsgebieten sjogge wy noch in protte romte om flugger ekstra wenten te bouwen.” Mei it ministearje en de provinsje wol Ljouwert dêr ôfspraken oer meitsje.

Ljouwert East
Minister De Jonge makke mei ûnder oare boargemaster Sybrand Buma in fytstocht troch Ljouwert East, dêr’t de gemeente en it ministearje mei fyftich partners wurkje oan in bettere leefberens en oan brede wolfeart.

“It is moai dat de minister hjoed yn Ljouwert East sjoen hat”, seit boargemaster Sybrand Buma. “Ljouwert East is typysk Ljouwert: tige gesellich en mei beide fuotten op ’e grûn. Mar der binne ek problemen dy’t foar langere tiid omtinken freegje. Dêrfoar hawwe wy it Ryk ek nedich.”

Foto: Gemeente Ljouwert

Yn wyksintrum Bilgaard kaam de minister yn ’e kunde mei ûnder mear it Gesinslab en it Bûsjildprojekt. Yn ’e Mauritsskoalle hearde er fan de plannen foar in rike skoaldei en yn ’e Flietsône late wykbewenner Nico de Koning him by huzen fan húskesmelkers lâns en kaam er yn ’e kunde mei it projekt Ferduorsuming Ljouwert East. Dêrby wurde 1610 partikuliere wenten mei stipe fan it Folkshúsfêstingsfûns enerzjysunich makke.

It programma Ljouwert East wol yn tweintich jier tiid de kleau mei de rest fan de stêd op it mêd fan wurkjen, wenjen en learen tichtmeitsje. Dat bart mei in fernijende en ûnortodokse manier fan wurkjen: troch mei partners gear te wurkjen, troch besteande systemen te trochbrekken en besteande problemen mei faasje oan te pakken.

Ljouwert East (Bilgaard, Frijheidswyk, Camminghabuorren, Heechterp-Skieringen en Ald East) is ien fan de sechtjin stedsgebieten yn Nederlân dy’t ûnder it nasjonaal programma Leefberens en Feilichheid falle.

Foto: Gemeente Ljouwert

Spoardok
It twadde part fan de besite wie oan de takomstige nijeboulokaasje Spoardok, dêr’t de wentebou sintraal stie. Dêrby wiene, neist boargemaster Sybrand Buma en wethâlder Hein de Haan, ek deputearre Klaas Fokkinga en fertsjintwurdigers fan korporaasjes, boubedriuwen en projektûntwikkelders oanwêzich.

Ljouwert wol syn wentebou yn ’e takomst binnen it besteande stedsgebiet en de hjoeddeiske útwreidingsgebieten realisearje, befêstige wethâlder Hein de Haan. Om dat wiermeitsje te kinnen, is it foar de gemeente wichtich dat it Ryk in bydrage út de saneamde Wentebou-ympuls beskikber stelt. Ljouwert wol graach dat it Spoarsônegebiet, besteande út de takomstige wenwiken Middelsee en Spoardok, fan it Ryk de status fan Grutskalige Wenteboulokaasje kriget.

Dy status is foar Ljouwert fan grut belang om oanspraak meitsje te kinnen op in bydrage út it Mobiliteitsfûns. Ut dat fûns komt de kommende tsien jier € 7,5 miljard ekstra beskikber foar goede ferbiningen fan en nei de nije wenten. De grutskalige wenteboulokaasjes krije foarrang by oanfragen út dat fûns.

Foto: Gemeente Ljouwert

april 12, 2022 09:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.