Liuwe H. Westra – Biografy Tony Feitsma: Tony har coming out as beweger

april 3, 2022 16:28

Skôging

It is in bekend ferskynsel dat Friezen om utens gauris in stik Frysksinniger wurde. Neffens Tony wie dat mei de húshâlding fan har heit-en-dy ek sa. Hja fertelt dêr ûnder oare oer yn in tillefyzjepertret dat makke is troch Gryt van Duinen foar Omrop Fryslân yn 1999: https://weromrop.omropfryslan.nl/frl/utsjoering/wat-beweecht-tony-feitsma. Yn in earder fraachpetear foar de Omrop (mei Klaas Jansma, yn 1994), seit Tony dat benammen it feit dat har âldste broer Feije yn Wageningen by de Fryske Studinteferiening gie en Frysk begûn te skriuwen yn syn brieven nei hûs, derfoar soarge dat de femylje it Frysk ek skriftlik begûn te brûken: https://weromrop.omropfryslan.nl/frl/utsjoering/it-petear-tony-feitsma.

Tony Feitsma as jongfaam (boarne: famylje-argyf)

Dat de hiele húshâlding in stikje bewuster mei it Frysk omgiet, as ien fan ’e bern by in Fryske studinteferiening giet, komt yndied wol faker foar. Dochs siet it by Feitsma-en-dy in bytsje oars. Mar dan moatte jo al yn ’e argiven dûke. Yn dizze bloch jou ik in priuwke.

Alderearst: Tony begûn al mei it skriuwen fan it Frysk, doe wie se noch mar seis: it wie novimber 1934. De femylje wenne doe op it eardere eilân Wieringen; broer Feije siet doe op ’e HBS yn Den Helder. Tony har Fryskskriuwerij begûn yn it ramt fan it ‘Praethoekje for de Fryske bern’ fan ‘Moeike Wike’ yn ’e Ljouwerter Krante. In stikmannich fan Tony har brieven binne sels bewarre bleaun. Blykber hold Muoike Wike fan alle bern in pear brieven, en de hiele kolleksje is letter by it FLMD bedarre en leit no by Tresoar.

Tony moat dy skriuwerij tige moai fûn hawwe. Muoike Wike har jierdei wurdt noch lang yn eare holden, ek as Tony al lang net mear oan ’e rubryk meidocht. Foar Tony wie it Frysk wichtich as thústaal, just ek omdat de húshâlding tusken 1932 en 1938 mar leafst fiif kear ferfearn is, en in protte ûnwissichheden trochmakke. Mar Frysk leare moat se ek prachtich fûn hawwe, omdat it har de kâns joech om har te ûntjaan. Hja wie tige yntelligint, en hie ferlet fan útdaging. Samar in taal derby, wat wolle jo noch mear!

Om it opdwaan fan alle nije kennisse yn goede banen te lieden, stelt se in ‘deifordieling’ op, nei alle gedachten yn ’e earste helte fan 1938. En dat docht se dan wol yn it Frysk!

Boppedat joech it har in doel om nei te stribjen. Blykber hat dat har oansprutsen, doe al, want út ’e kranterubryk wurdt dúdlik dat Tony rillegau trije skoalgenoatsjes fûn, dy’t se ek safier krige dat se meidiene. Dat moreel appèl om jin foar it Frysk yn te setten spriek har ek oan yn it Algemien Jongerein Blêd, dat se te lêzen krige omdat har mem de boekerij fan ’e Fryske krite behearde en har heit skriuwer wie. Letter skriuwt se: se koe suver net wachtsje oant se 16 jier wie, want dat wie de minimum âldens om lid te wurden fan it Boun fan Frysk Nasjonale Jongerein. Dêr liet se it net by: Tony makke ek fuortendaliks plannen om in krite fan it Boun op te rjochtsjen yn ’e Wieringermar. De oprjochtingstaspraak is yn it argyf bewarre, mar de ôfdieling is der net kommen.

Mar har echte coming out, om dat wurd ris te brûken, fûn plak yn har lêste jier op it Alkmaarder gymnasium yn ’e winter fan 1945-1946. Yn ’e skoalkrante jout se in skets fan ’e Fryske beweging, mei dêrby in opmerklike oprop: it gymnasium heart de jongerein kultureel te foarmjen (1) en de Fryske beweging is in kulturele streaming yn Nederlân (2). Ut (1) en (2) folget, dat gymnasiasten by skiednis of Nederlânsk ek wat leare moatte soene oer de Fryske beweging en it Frysk.

Dat har oprop net folle úthelle, sil net ien fernuverje. Mar wy kenne der wol de echte Tony Feitsma yn werom: in orizjinele tinker, dy’t net bang wie om radikale konklúzjes te lûken. Ien dy’t har net liede liet troch de fraach wat yn in beskate sitewaasje al of net helber wie. En ien dy’t op dy menier ek gauris har eigen teloarstelling en frustraasje bewurkmastere.

Dit is de twadde fan in rige ferslachjouwingen fan dr. L.H. Westra, dy’t wy de kommende tiid hieltyd yn de earste wike fan ’e moanne hoopje te publisearjen. Sjoch foar de earste Liuwe H. Westra – Biografy Tony Feitsma: de ein yn ’t sicht | It Nijs
april 3, 2022 16:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.