Kultuerhistoarysk Sintrum De Tiid organisearret Wike fan de Twadde Wrâldoarloch

april 14, 2022 10:45

It âld-stedhûs fan Boalsert (foto: Wikipedia/Udo Ockema – lisinsje CC BY 3.0)

Fan 25 oant en mei 29 april wurdt yn Kultuerhistoarysk Sintrum De Tiid yn Boalsert de Wike fan de Twadde Wrâldoarloch holden. Alle jûnen is der in lêzing en oerdeis binne trochrinnend filmfragminten te sjen. Bern en folwoeksenen kinne op tiisdei- en freedtemiddei yn ’e biblioteek mei in virtualrealitybril histoaryske saken oangeande it tema belibje. Der wurdt ek in boekje presintearre mei argyfboarnen en literatuer yn ’e gemeenten De Fryske Marren en Súdwest-Fryslân.

Lêzingen
Op moandeitejûn 25 april trapet Otto Kuipers ôf mei in lêzing oer de ûnderdûkkaarten yn Fryslân. In dei letter fertelt Marre Sloots it ferhaal fan it húske De Terrorist op It Amelân, dêr’t famyljeleden fan fersetsstriders nei de oarloch fakânsje fiere koene. Woansdeitejûn jout Catharinus van der Werf in lêzing mei de titel ‘Libje foar- en mei-elkoar’. Tongersdei 28 april jouwe ds. Gerrit J.D. de Haan en de Stichting Titus Brandsmamuseum in lêzing mei in dokumintêre oer it libben fan Titus Brandsma. In aktueel tema yn ferbân mei de hillichferklearring fan Titus Brandsma op 15 maaie oankommende. De rige lêzingen wurdt op 29 april ôfsletten troch Nena Huizinga en René Rispens mei in ferhaal oer de evakuearre minsken dy’t út Súd- en Midden-Nederlân nei Fryslân kamen. De lêzingen begjinne alle jûnen om 19.00 oere en binne fergees by te wenjen. Oanmelde giet fia de webside fan De Tiid.

Organisaasje
De organisaasje fan de Wike fan de Twadde Wrâldoarloch is yn hannen fan de Stichting Histoarysk Sintrum Westergo (Museum De Tiid), de Biblioteek Mar en Fean en it gemeente-argyf Súdwest-Fryslân, dy’t allegear yn De Tiid fêstige binne.

It folsleine programma is te finen op www.detiid.nl. Tink derom: op woansdei 27 april is De Tiid ticht yn ferbân mei Keningsdei. De lêzing de jûns giet wol troch.

 

april 14, 2022 10:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.