Kuierjend Bosk draait op minsklike enerzjy

april 10, 2022 08:37

By Bosk, de stadichoan kuierjende bosk fan goed tûzen beammen, is in spesjale rol weilein foar dielnimmers. Bosk draait nammentlik folslein op minsklike enerzjy.

Dielnimmers krije de kâns om in aktive bydrage te leverjen oan duorsumens en it opbetterjen fan it lykwicht tusken minske en natuer. Bosk is in ûnderdiel fan kulturele Arcadia fan hûndert dagen, de earste edysje fan de triënnale fan Ljouwert-Fryslân 2028 en kleuret de binnenstêd fan Ljouwert fan 7 maaie oant en mei 14 augustus 2022 hûndert dagen grien.

Belibje de bosk troch mei te dwaan
Dielnimmers kinne op ferskate manieren oan it griene projekt meidwaan. Sa kinne se bygelyks helpe mei it ferpleatsen fan de beammen nei in nije lokaasje en helpe om de beammen te fersoargjen. It projekt jout elkenien in unike kâns om in bydrage te leverjen. Nigethawwers kinne har yndividueel of mei ferskate persoanen oanmelde. Der binne mooglikheden foar útstapkes mei in ploechje minsken of bedriuwsekskurzjes. Groen Leven, haadpartner fan Bosk, hat him ûnderwilens oanmeld en sil mei de hiele organisaasje de bosk fan Bosk ferpleatse wannear’t dy by syn kantoar del kuieret.

Belangstellenden kinne har yndividueel oanmelde fia bosk.frl. Oanmelde foar gruttere groepen kin fia deelnemers@bosk.frl. Dat makket Bosk njonken in grien projekt ek in plak om minsken te ferbinen en mei harren yn petear te gean.

Boarne: Merk Fryslân

Stribje nei in grienere takomst
Bosk, de kuierjende bosk, giet op 2 maaie fan it BoskDok op wei nei it Stasjonsplein yn Ljouwert. Nei de iepening op 7 maaie begjinne de beammen oan harren kuiertocht fan 3,5 kilometer troch de binnenstêd fan Ljouwert. Yn hûndert dagen ‘kuierje’ de beammen troch it sintrum fan Ljouwert en kleurje de stêd letterlik grien. De kuierjende bosk jout de beammen – en dêrmei de natuer – in stim: wat kinne wy leare fan beammen en hoe sjocht de bosk nei de minskewrâld? Bosk hat in wiidweidich râneprogramma dêr’t ûnder mear (ynter)nasjonale keunstners, kulturele organisaasjes, bewenners en bedriuwen by behelle binne.

Oer Arcadia
Fan 6 maaie o/m 14 augustus 2022 kinne besikers har ynspirearje litte troch in breed kultureel en artistyk programma mei û.o. byldzjende keunst, teater, literatuer en debat mei as tema ‘foarâlderskip’. Arcadia jout dêr in ferfolch mei oan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018. In protte wurk is nij en fergees te besjen, makke troch (ynternasjonale) keunstners en de Fryske mienskip. Arcadia wol him troch middel fan kultuer ynsette foar in wrâld dy’t we mei betrouwen oan de neikommende generaasje trochjaan kinne.

april 10, 2022 08:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.