Krekt nei tichtplicht slaggen 15% mear minsken foar rydeksamen
Resint ferskynd
Krekt nei in tichtplicht gie it slaggingspersintaazje foar it rydeksamen opfallend omheech. Sa hellen yn ’e earste wike nei de maitiidstichtplicht fan 2020 hast twa op de trije kandidaten harren rydbewiis by it CBR. It slaggingspersintaazje is sa’n 15% heger as de trochsneed foar de goarre. Dat docht bliken út in ûndersyk fan FBTO, op basis fan sifers fan it Sintraal Buro Rydfeardichheidsbewizen (CBR).

Foto: pixabay.com
Yn ’e wike nei de twadde tichtplicht slaggen ek in opfallende protte kandidaten foar it autorydbewiis (57,8%). Njonken de tichtplichtriten blike de kryst- en maaiefakânsje in goed momint om ôf te riden. Foar koroana lei yn de ‘reguliere maaiefakânsje’ it slaggingspersintaazje oant 1,8% heger as yn trochsneed. Yn ’e earste en lêste wike fan it jier hellen sels oant 2,4% mear kandidaten it rydbewiis by it CBR.
Heechste slaggingspersintaazje by rydskoalle oprjochte yn tachtiger jierren
Tusken rydskoallen binne grutte ferskillen. Rydskoallen dy’t yn de tachtiger jierren oprjochte binne, hawwe it heechste slaggingspersintaazje. Harren learlingen slaggen 11,7% faker as yn trochsneed, sa blykt út sifers fan oktober 2020 oant septimber 2021.
By rydskoallen, dy’t nei 2010 oprjochte binne, hawwe gadingmakkers in legere kâns om te slagjen: – 5,6%. Neist it momint fan ôfriden, blykt dus ek de rydskoalkar fan ynfloed op de slaggingskâns.
Measte kâns op slagjen yn Maastricht en Assen
It CBR telt 54 eksamensintra yn Nederlân. Tusken oktober 2020 en septimber 2021 blieken learlingen it faakst suksesfol yn Maastricht. 64,1% fan de kandidaten slagge dêr nammentlik foar it rydbewiis. Yn Assen (62,4%) en yn it Limburchske Urmond (61,8%) is it slaggingspersintaazje opfallend heech.
Yn Rotterdam wiene just de measte pechfûgels. Mar 33,8% fan de gadingmakkers helle dêr it rydbewiis by it CBR. Njonken Rotterdam is Barendrecht (39,3%) in negative útsjitter. Rydskoallen út dy omkriten hawwe oer it generaal tige minne slaggingspersintaazjes.
Mear ynformaasje oer it slaggingspersintaazje yn gemeenten is te finen op: www.fbto.nl/verzekeringen/berichten/grote-rijexamen-onderzoek.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje