“Koroanamedisyn” Ivermektine hellet neat út
Resint ferskynd
- Premjêre komposysje Martin Fondse by CityProms yn Ljouwert 0
- Dútske dokters kinne gjin “oplieding” ta homeopaat mear folgje 0
- Saakkundigen: ‘Apepokkesykte folslein oars as koroana’ 0
- Boeren telle flinters foar better ynsjoch yn bioferskaat 0
- Ryksuniversiteit Grins hat fakatuere foar heechlearaar Frysk 0

In skoftsje hiene guon de hoop fêstige op it antyparasitemiddel Ivermektine as genêsmiddel foar de koroanasykte. Yn rûnten fan lju dy’t it net op faksinaasje hawwe, wurdt it guod noch hieltyd romme as wurksum medisyn. It docht allinnich neat foar koroanapasjinten.
Eardere lytse ûndersiken hiene wikseljende útkomsten oer it nut fan Ivermektine en in dúdlik antwurd op de fraach oft it wat nuttichs die, wie net te jaan. Dêrom hat in grutte groep Braziliaanske wittenskippers in ûndersyk dien op goed 3500 koroanapasjinten út tolve ferskillende sikehuzen.
It die bliken dat de pasjinten dy’t it middel krigen presys like siik wiene as de groep dy’t in plasebo krige.
Ivermektine wurket al foar ferskate oare slimme krupsjes, lykas rude, malaria en rivierblinens. It wurdt ek brûkt as ûntwjirmingsguod by bisten.
In ferslach fan it ûndersyk is ferskynd yn it New England Journal of Medicine. Klik hjir om it te lêzen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje