Koreä ûntdekke foar € 1 yn it Prinsessehof
Resint ferskynd

Foto: David Vroom
Yn de Nasjonale Museumwike kinne nigethawwers Koreä ûntdekke yn it Prinsessehof. Yn it ramt fan ‘Iepenje jo wrâld’, it tema fan dizze edysje fan de Museumwike, organisearret it museum in feestlik programma. Yn it wykein fan 9 en 10 april kostet in tagongskaartsje mar ien euro.
Besikers kinne yn de kultuerskiednis fan Koreä dûke mei de útstalling KOREA. Poarte nei in ryk ferline. En yn ’e kunde komme mei de iuwenâlde keunst fan origamy yn de teesalon. Of ûntdekke watfoar lannen Noard- en Súd-Koreä hjoed-de-dei binne by in kolleezje fan Koreädeskundige Elmer Veldkamp. In kaartsje is online te reservearjen fia princessehof.nl/tickets.
It folsleine oanbod fan it museum is te ûntdekken foar mar € 1,- yn it wykein fan de Museumwike. Fan de grutte Koreäútstalling, oant de Escherkelder, en fan de presintaasje oer Maria Louise fan Hessen-Kassel oant ferskate hjoeddeiske keunstútstallingen. Of men kin genietsje fan it fergees feestlike aktiviteiteprogramma. Mear ynformaasje oer it programma is te finen op princessehof.nl/museumweek.

Foto: Ruben van Vliet
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje