Kampanje ‘MuseumFrij’ lansearre yn it Frysk Museum

april 9, 2022 10:20

Op woansdei 6 april is yn it Frysk Museum yn Ljouwert de lanlike kampanje MuseumFrij lansearre. Mei dy ludike aksje, yn it ramt fan de Nasjonale Museumwike, ropt de Museumferiening wurkjouwers op om harren personiel in pear oeren MuseumFrij te jaan. It museum it nammentlik in plak fan ynspiraasje en ûntspanning; it ideale plak om út de deistige slinger te reitsjen en jins wrâld te iepenjen: it tema fan de Museumwike.

Sietske Poepjes (l.) en Vera Carasso gean op sokken troch it museum (foto: Bart Lindenhovius)

Vera Carasso (direkteur fan de Museumferiening), Sietske Poepjes (deputearre fan de Provinsje Fryslân) en Kris Callens (direkteur fan it Frysk Museum) trapen de kampanje ôf mei in feestlik – mar dochs ûntspannend – programma. Mei wurknimmers fan bedriuwen út de regio namen se efkes MuseumFrij yn it museum. Ut namme fan de Museumwike die ambassadeur Quinty Misiedjan ferslach fan it evenemint. Dy ôflevering is te sjen fia museum.nl.

MuseumFrij
Efkes de deistige sleur ferjitte, oplade en dêrnei wer fol enerzjy der tsjinoan. Wurkjouwers as Warsteiner, Gorillas en ûndersyksburo Motivaction hawwe har al oanmeld foar de lanlike kampanje fia museumvrij.nl. “By Gorillas sit keunst en kultuer yn it dna. Troch dit sympatike inisjatyf waarden we der bewust fan dat keunst en kultuer net allinnich nei it wurk besite hoecht te wurden, mar it ek noflik is om even út it wurk te brekken”, seit Joost Claessens fan Gorillas.

Fryske musea
Yn Fryslân dogge musea ek manmachtich mei oan de Museumwike. Sa is it Frysk Museum op sneon 9 en snein 10 april iepen foar € 1 mei in feestlik programma. Genietsje op gehiel eigen wize fan À la campagne. Prikelje de sintugen mei in eksklusive rookrûnlieding. Of sko fergees oan by it À la campagne-famyljewurkatelier en ûntdek de keunstner yn jinsels. Reservearje online alfêst in kaartsje fia friesmuseum.nl/tickets. In oersjoch fan aktiviteiten by Fryske musea is te finen op www.museum.nl.

april 9, 2022 10:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.