Jurrian van Dongen (‘Het Klokhuis’) wint Willem Wilminkpriis foar bêste berneliet
Resint ferskynd
- Ynklusive taal 0
- Basisskoalle wint Vredeman de Vriespriis foar arsjitektuer 0
- Roman oer bline rjochter en dokter, dy’t berntsje út bûtenlân adoptearje wolle 0
- Ryk draacht by oan it projekt Fersterkjen Fryske Iselmarkust 0
- Iepening foto-útstalling Henk Kuiper mei boekpresintaasje fan syn soan Elmar Kuiper 0
Jurrian van Dongen fan it NTR-jeugdprogramma Het Klokhuis hat de Willem Wilminkpriis foar it bêste berneliet wûn. Hy krige de priis foar ‘Give me some skin’, dat er foar it Klokhuis skreau.

Foto: (c) NTR

Jurrian van Dongen (c)Roy Beusker
Sjuerypriis
It cowboyliet ‘Give me some skin’ fan Jurrian van Dongen (tekst), Jan en Keez Groenteman (komposysje), Rop Verheijen, Jesse Mensah en Maarten Heijmans (sang) is in fleurich pleit foar oanreitsjen en krûpen. Tige aktueel nei twa jier ôfstân hâlden. “Prachtich, hoe’t stoere cowboys it sjonge en fielber meitsje. Fakkundich en geastich skreaun”, seit de sjuery.
Jurrian van Dongen is û.o. as lietauteur oan Het Klokhuis ferbûn. Hy wit as gjin oar komplekse gevoelens om te setten yn werkenbere, grappige en treastende ferskes. De ôfrûne moanne waarden syn Klokhúsferskes oer rasisme en seksueel misbrûk in protte priizge.
Oare nominearren
De Willem Wilminkpriis is in inisjatyf fan it Wilminkteater en Muzyksintrum Ynskedee en wurdt sûnt 2010 útrikt. Dit jier stjoerden 77 komponisten, tekstskriuwers en produsinten harren liet yn, dêr’t trije fan nominearre waarden. De oare twa nominearre lieten wiene fan Robert Ramaker en Patrick van den Hanenberg.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje