Jouster oarlochsdeiboek op film
Resint ferskynd
Op dizze Fryske Befrijingsdei is it mooglik om de Twadde Wrâldoarloch as in jongfeintsje te ûnderfinen. Dat kin op ‘e Jouwer mei in film dy’t basearre is op it doetiidske deiboek fan de lettere Jouster molkboer Piet Hoekstra.
Hoekstra hold fan syn tsiende jier, doe’t de Nederlânkse militêren mobilisearre waarden, oant syn sechtjinde, doe’t Japan kapitulearre, in oarlochsdeiboek by, mei wat der yn de wrâld barde mar likegoed oer hoe’t it yn it deistich libben om en ta gie. Deiboekfragminten wurde yn de film foarlêzen troch Ties Halma, dy’t op it stuit fan it opnimmen alve wie; dus likernôch deselde leeftyd as Hoekstra doedestiden. Dy opnamen binne al fan twa jier lyn, om’t de film bedoeld wie foar 75 jier befrijing. Om de koroanagoarre is de fertoaning twa jier útsteld. Jaap Halma fan it Histoarysk Wurkferbân Skarsterlân ûntduts it bysûndere deiboek al mear as tsien jier lyn. It waard ynearsten brûkt yn in boek oer de lokale oarlochsskiednis. Mar Halma en syn kollega-skiedkundigen wiene al lang fan doel en doch der mear mei.

Untbleating plakkaat film en eksposysje yn Jouster museum troch wethâlder Roel de Jong en deiboekfoarlêzer Ties Halma. Foto: It Nijs
Juster wie de premjêre fan de film, yn in besletten gearkomste foar meiwurkers fan it Wurkferbân en gasten, lykas guon sibben fan Hoekstra. De auteur sels is in pear jier lyn ferstoarn, mar syn frou, Lammie Hoekstra-de Jong, wie earegast. Wethâlder Roel de Jong ferlike de Wrâldoarloch op ‘e Jouwer, dêr’t doe in protte flechtlingen út oare parten fan Nederlân opheind waarden, mei de hjoeddeistige oarloch yn Oekraïne en it opheinen fan flechtlingen dêrwei. De Jong ûntbleate mei Ties Halma in plakkaat as iepening fan in filmwykein. Want de film draait it hiele Peaskewykein trochrinnend yn Museum Joure. Der is ek in eksposysje mei foto’s, kranteknipsels en dokuminten oer de pleatslike oarlochsskiednis en sels noch in orizjinele film oer de befrijingsfeesten op ‘e Jouwer. De tagong is fergees.
Klik hjir foar in wiidweidige seleksje fan nijsgjirrige fragminten út it deiboek.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje