Jongfryske Mienskip: ynter-Fryske Beweging nedich

april 24, 2022 14:47

Sander Hoekstra sprekt syn bydrage út. Foto: It Nijs

Bydrage fan Sander Hoekstra fan de Jonfryske Mienskip oan in gearkomste oer de takomst fan de Fryske Beweging.

De stichting Ried fan de Fryske Beweging is oprjochte yn 1945 en is in organisaasje dy’t him ynset foar it Frysk. Mei as doel om as sprekker foar Fryske bewegers te tsjinjen by Ryk en gemeenten. Ien fan de kearndoelen wie (en is) om de Fryske taal safolle mooglik yn de wet te regeljen. By de oprjochting fan de Ried fan de Fryske Beweging hie it Nederlânske regear dêr noch neat oer regele. De oprjochting fan de ried joech Friezen de kâns om harsels direkt of fia oansletten bedriuwen better te organisearjen. Sawol yn 1993 as yn 2009 hawwe der needsaaklike koerswizigingen west om de saneamde ‘sliepende ried” te modernisearjen.

Anno 2022 stiet dizze fraach wer sintraal: ‘Praat mei oer de takomst fan de Fryske Beweging’. Op 15 maart 2022 hat de Jongfryske Mienskip in petear hân mei de bestjoeren fan FFU, De Slach by Warns en Fryske Rie Seksje West. Dêr stie itselfde ûnderwerp sintraal. It idee fan de JongFriezen foar de takomst fan de Fryske beweging is: De Fryske Rie Seksje West soe in koepelorganisaasje fan de Fryske beweging wêze moatte. Yn East- en Noard-Fryslân is dat ommers ek sa. De Seksje East en de Seksje Noard binne oansprekpartner foar de Dútske oerheden en hawwe relatyf in protte oansjen. Yn Noard-Fryslân hat de Seksje Noard sels betelle meiwurkers en in eigen gebou! It deistich bestjoer fan de Seksje Noard hat sa de hannen frij om de organisaasje te bestjoeren. Dat soe hjir dochs ek mooglik weze moatte.

Yn ús Fryslân falt de Fryske Rie Seksje West, hiel bysûnder, ûnder de Ried fan de Fryske Beweging. Wat in koepelorganisaasje wêze moatte soe, falt no ûnder in oare koepelorganisaasje. De struktuer fan de Fryske beweging yn ús Fryslân wykt ôf fan East- en Noard-Fryslân, en nei ús betinken net yn ’e goede sin! Sawol de Fryske Rie Seksje West as de Ried fan de Fryske Beweging kinne gjin minsken foar it bestjoer fine. Beide organisaasjes hawwe in apart budzjet én hawwe gjin konsepten foar de takomst.

Dêrom dogge wy it neikommende foarstel, dat út twa wichtige stappen bestiet:

  • Stap 1 is it gearfoegjen fan de Ried fan de Fryske Beweging mei de Fryske Rie Seksje West. De namme wurdt Fryske Rie Seksje West en dy organisaasje falt ûnder de Ynterfryske Rie.
  • Stap 2 is it gearfoegjen en útwreidzjen fan it budzjet. De Ried fan de Fryske Beweging krijt 21.000 euro subsydzje fan ’e provinsje en de Fryske Rie krijt 5.000 euro. Mei de 26.000 euro en in oanfolling fan ’e provinsje moat de nije organisaasje ynstitusjonalisearje.

Dat is dus ús foarstel. Ferjit net, de tiid is fierdergien, de wrâld is oars as 70 jier lyn. Manlju en froulju wurkje tsjintwurdich beide, der is folle mear ferdivedaasje. Minsken reizigje mear en it moat fral ‘leuk’ wêze. Neat mis mei dochs?

Dêrom is it wichtich dat wy ynstitusjonalisearje. De nije modernere Fryske Rie Seksje West sil grutter, effektiver, ynter-Frysker en slachfeardiger wêze. It wurd ‘ynterfrysk’ sil grif jongelju oanlûke. Dy tinke faker oer de grinzen as wy dat dogge. Sawol it bestjoer as de oansletten selskippen hawwe der allinnich mar foardiel fan.

april 24, 2022 14:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.