Johan Derksen ferdwynt fan ‘e telefyzje
Resint ferskynd

Ald-balskopper Johan Derksen jout syn sit oan ‘e tafel yn it telefyzjeprogramma Vandaag Inside oer. Hy wol hawwe dat der “geen ruimte voor het programma meer is in de maatschappij”. Presintator Wilfred Genee seit dat it programma dan miskien better mar skrast wurde kin, mar Derksen seit dat de oaren om him net ophâlde hoege.
Derksen fertelde tiisdei yn it programma dat er fyftich jier lyn mei in kammeraat in dronken dûnsfaam in kears yn it ûnderliif stutsen hie. Letter sei er dat er har de kears inkeld mar tusken de skonken stoppe hie. It Iepenbier Ministearje wol neigean oft Derksen de wet oertrêde hat en yn syn wenplak Grolloo hawwe guons in spandoek mei it opskrift “Verkrachter” ophongen. Sponsor TOTO woe ek net mear mei Vandaag Inside gearwurkje en ferskate regionale omroppen seine dat hja Derksen net mear yn ‘e studio hawwe wolle.
“Ik heb het volkomen verpest voor mezelf”, joech Derksen as ferklearring foar syn ophâlden.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje